Cambuur kin ek oefenwedstriid net winne: 2-1 tsjin FC Emmen

Michael Breij makke in doelpunt, mar it wie net genôch foar de oerwinning © Orange Pictures
SC Cambuur hat woansdei in oefenwedstriid tsjin FC Emmen ferlern. Op de Oude Meerdijk yn Emmen waard it 2-1 foar de thúsploech.
By it skoft seagen de Ljouwerters al tsjin in efterstân oan nei in doelpunt fan Jasin-Amin Assehnoun. Nei goed in oere waard it 1-1 fia Michael Breij. In kertier foar tiid skeat Assehnoun de winnende treffer binnen.
De wedstriid waard spile om't beide teams kommend wykein net yn aksje komme. Dan stiet nammentlik de bekerfinale op it programma en dêr hawwe Cambuur en Emmen harren net foar pleatst.
Cambuur is op dit stuit de hikkesluter fan de earedivyzje. De ploech fan trainer Sjors Ultee hat de lêste seis wedstriden yn de kompetysje ferlern. De Ljouwerters kinne degradaasje allinnich noch mar yn teory ûntrinne.