Assistint-trainer Ole Tobiasen fuort by sc Hearrenfean

Ole Tobiasen © ANP
Assistint-trainer Ole Tobiasen giet fuort by sc Hearrenfean. It ôfrinnende kontrakt fan de 47-jierrige Deen wurdt net ferlinge. Tobiasen stie yn de twadde seizoenshelte fan ôfrûne seizoen as haadtrainer foar de groep.
Dit seizoen moast Tobiasen in stapke weromdwaan nei de komst fan Kees van Wonderen as nije haadtrainer. Tegearre mei Peter Reekers en Paul Simonis is Tobiasen op dit stuit assistint fan Van Wonderen.
Hearrenfean wol takom seizoen werom nei twa assistinten en dus moat Tobiasen it fjild romje.