Arjen Overmaat nije presintator No derfoar!, Harm Weistra draacht it stokje oer

© Omrop Fryslân, Erikjan Koopmans
Arjen Overmaat is fan 1 maaie ôf de nije presintator fan No derfoar!. De hjoeddeiske presintator Harm Weistra fynt it tiid foar in nije útdaging en giet fierder as selsstannich sjoernalist.
Harm Weistra kaam yn 2001 by Omrop Fryslân. Acht jier lyn krige Weistra syn eigen programma op de neimiddei: Weistra op wei. Sûnt twa jier sit Weistra op de moarntiid mei No derfoar!, wêr't de muzyk sintraal yn stiet en in soad romte is foar kontakt mei de harkers.
Weistra fynt de tiid no ryp foar in nije útdaging, ûnder oare by RTV NOF. "Ik wurd no selsstannich sjoernalist", leit er út. "It grutste part fan de tiid sil ik de streekomrop helpe mei in projekt om de omrop fierder te profesjonalisearjen. Fierder sil ik de kânsen oangripe dy't op myn paad komme." In definityf ôfskied fan Omrop Fryslân is it lykwols net, hy bliuwt beskikber as ferfanger op de radio.
Arjen Overmaat as opfolger
Fan takom wike 1 maaie ôf nimt Arjen Overmaat de presintaasje fan No derfoar! oer. "Ik haw in hiel soad nocht om as fêste presintator fan No derfoar! oan 'e slach te gean. Tegearre mei de harker meitsje we der alle dagen wer in moai programma fan", fertelt Arjen bliid.
No derfoar!
No derfoar! is it radioprogramma tusken 9.30 en 12.00 oere by Omrop Fryslân. Lekkere muzyk, nijsgjirrich nijs, moaie ferhalen: No derfoar! hat it allegearre.

Noat foar de redaksje

Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 299 7876. It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.