Presintator Harm Weistra ferruilet No derfoar! foar nij aventoer

Harm Weistra presintearre twa jier 'No derfoar!' © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
Harm Weistra hâldt op as fêste presintator fan it radioprogramma No derfoar!. Freed 28 april presintearret er it programma foar it lêst. Weistra fynt it tiid foar in nij aventoer en draacht it stokje oer oan Arjen Overmaat.
Weistra kaam yn 2001 by Omrop Fryslân, dêr't er no mei-inoar 22 jier wurke hat. "Dat wie doe yn de MKZ-krisis", kin er him noch goed heuge. "Ik bin hjir doe kaam as stazjêr. Uteinlik ha ik fjirtjin jier nijsferslachjouwer west."
Noch yn syn tiid as ferslachjouwer preau er al oan it radio meitsjen, dêr't de measte Friezen him hjoed de dei fan kenne. "Dat wie doe noch yn it wykein. Dêrmei ha ik yntusken ek sa'n 13 of 14 jier radio makke by de Omrop."
Radio betsjut in soad foar de Kollumersweachster. As fyftjinjierrige sette hy de earste stappen yn de mediawrâld by de piraten en Radio Noardeast Fryslân, de radiostjoerder fan it noardeasten fan Fryslân. "Radio is yllúzje, je moatte it minsken sels ynfolje litte. Dat is de magy", seit Weistra.

Weistra op wei

By Omrop Fryslân krige hy acht jier lyn syn eigen deistige programma op de neimiddei: Weistra op wei. In programma mei nijs en muzyk. It waard rûnom in begryp.
It moaiste fyn ik it kontakt en de snelheid fan radio.
Presintator Harm Weistra
Sûnt twa jier sit Weistra op de moarntiid mei No derfoar!, mei fêste rubriken as Meitsje it ôf en Mynt of dynt. Yn it programma stiet de muzyk sintraal en is in soad romte foar kontakt mei de harkers. "Wat ik it moaiste fyn, is dat kontakt, en de snelheid fan radio."
Krekt dat kontakt en dy snelheid meitsje it medium foar him ek útdaagjend. "Wy ymprovisearje wol gauris wat, it is somtiden in echte puzel." Mar tegearre mei fêste producer Jitze de Vries wist er dy puzel de ôfrûne twa jier alle dagen wer rûn te krijen. "It moaiste is dan as de harkers oan de oare kant it ek op priis stelle, en dat dogge se gelokkich, sjoen alle reaksjes."

Nije útdaging

Dochs mist er de ynhâld en sjoernalistike kant fan syn wurk. Dêrom fynt er de tiid ryp foar nije útdagingen, ûnder oare by RTV NOF. Werom dus nei it plak dêr't it allegear begûn foar de Wâldpyk. "Ik bin dêr al sûnt 1997 as frijwilliger belutsen by it meitsjen fan programma's en ik bin ek altyd belutsen bleaun."
© RTV NOF
"Ik wurd no freelance sjoernalist, myn eigen beslút", leit er út. "It grutste part fan de tiid sil ik de streekomrop helpe mei in projekt om de organisaasje fierder te profesjonalisearjen. Dêrneist sil ik de kânsen oangripe dy't op myn paad komme."

Gjin definityf ôfskied

In definityf ôfskied fan Omrop Fryslân is it lykwols net. "Gelokkich net!", seit de Sweachster. Hy bliuwt beskikber as ferfanger op de radio foar ferskate programma's. "Dêrom bin ik yn maaie alwer ris te hearren yn Sneon yn Fryslân. Ik fyn radio hartstikkene moai en ik bliuw dat ek meitsjen, allinnich net mear mei in fêst programma."
Arjen Overmaat © Omrop Fryslân
Freed 28 april is Weistra foar it lêst te hearren as fêste presintator fan No derfoar!. Fan takom wike 1 maaie ôf nimt Arjen Overmaat de presintaasje oer. In opfolger dêr't Weistra wiis mei is. "Ik lit it programma dan ek mei in gerêst hert achter."