"Betonnen" plein fan NHL Stenden moat grien wurde: "Dit is een plek die niet werkt"

In soad help by it plantsjen fan de beammen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De campus fan NHL Stenden yn Ljouwert moat griener wurde. Dat wol de ûnderwiisorganisaasje graach. Op dit stuit is it nochal in betonnen flakte, dy't simmerdeis ek nochris hyt wurde kin.
Studinten fan de minor 'Placemaking' hâlde har dwaande mei plannen om it in better plak foar studinten te meitsjen. Sa binne der juster twa ekstra beammen plante. De bedoeling fan it grienere plein is dat studinten en dosinten ek faker nei bûten gean sille, wat goed is foar de sûnens.
"Bij Placemaking wordt er gekeken naar hoe een lege plek die niet werkt, gezien kan worden als een nieuwe plek", leit studint Gertijn Wijma út. "Wij gaan echt op de plek kijken naar het gedrag van mensen, maar ook vragen wat de behoeften zijn."
"Hoe moet het er uit zien? Wat willen de mensen? Dat kan gecommuniceerd worden naar bijvoorbeeld een architect. Het komt dus uit de mensen zelf."
Fréderique Amting, Gertijn Wijma en Mark Kaspersma © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Foar studinten is it plein tusken Rengerslaan 8 en 10 in goede casus, seit dosint Mark Kaspersma: "Dit is zo'n plek die eigenlijk niet werkt. De studenten hebben als opdracht de Greenscape. Dat is onderzocht door studenten van onze opleiding, Leisure en Eventmanagement. Zij kwamen met het idee om hier meer groen op het plein te krijgen, om wat aan de dagelijkse sleur te ontsnappen. Daar zijn we nu druk mee bezig."
It keunstprojekt Bosk wie in ynspiraasje foar de beammen dy't no al plante binne op it plein: "We hebben met veel studenten meegeholpen om de bomen te verplaatsen. Dit is één van de initiatieven geweest die we hebben overgenomen. Er staan hier nu tien bomen, maar er komen er hopelijk nog meer", seit Kaspersma.
De earste beam stiet al omheech © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Op it NHL Stenden is ek in 'Green Office', dêr't studinten terjochte kinne mei griene ynisjativen. "Het is belangrijk dat je het samen doet", seit Fréderique Amting fan de Green Office.
"Hoe richt je nu zo'n duurzamere wereld in en wat is daarin belangrijk? Wij willen graag de studenten en de omgeving betrekken. Een groene leefomgeving is essentieel, ook voor het welzijn van de studenten."

Gearwurking mei de buorlju

De studinten belûke omwenjenden der ek by, fertelt Gertijn: "Dit is dan misschien een campus en wij hebben hier wel les, maar er zijn ook mensen die hier overheen lopen. Dus het is zeker in hun belang dat hier iets komt, waar zij ook iets aan hebben. Anders wordt het afgesloten voor de mensen die hier ook wonen. Dat past niet in het placemaking-plaatje."
In foarbyld is bygelyks in krûdentún foar de omjouwing. De studinten sille oan in makette wurkje om de nije ynrjochting foarm te jaan, wêrnei't nei alle gedachten ferskate plannen útfierd wurde sille.