Marijke toevet op 'Karibysk Grikelân': "Miskien bliuwe we hjir permanint"

Marijke van der Hoek en har man Peter © Marijke van der Hoek
Marijke van der Hoek (59) is ferknotte oan Grikelân. Earder wenne se acht jier yn Athene, en tsjintwurdich hâldt se de helte fan it jier ta op it eilân Lefkas. Hjir runt se mei man Peter in reisorganisaasje.
It Karibysk eilân fan Grikelân. Sa neame se Lefkas ek wol, seit bewenner Marijke van der Hoek entûsjast. "Minsken dy't hjir west hawwe fregen har ôf wêrom't elkenien hielendal nei Bonêre of Curaçao giet, as je mei 2,5 oere fleane hjir wêze kinne."

Bekend mei Lefkas

De Drachtster gong yn 2017 (opnij) nei Grikelân, nei't se in oprop foar 'touroperator op Griekenland voor zeven maanden' stean seach. Oant 1991 ferbleau se al acht jier yn Athene en dat wie har goed befallen.
© Marieke van der Hoek
Se besleat om te wurkjen op Lefkas, it eilân dat se al koe. "In freondinne fan my út Drachten wennet hjir yntusken 34 jier. Ik ha har geregeld besocht en koe it eilân dêrom al."

Trije gesichten

Lefkas hat neffens Van der Hoek trije gesichten. "De eastkant is hiel rêstich, mei it wetter. It middengebiet is yn de bergen, mei moaie doarpkes, en de westkust oan de iepen see. Dêr is mear brâning en fynst moaie strannen."
We besochten eigeners fan akkommodaasjes en besochten gasten te werven.
Marijke van der Hoek
Nei sân moannen te wurkjen as hostess foar in touroperator, luts se de stoute skuon oan: mei har man Peter sette se sels in toerroperatorbedriuw op. "We gongen by eigeners fan akkommodaasjes del en besochten gasten te werven", seit se. "Ein 2018 begûnen we. Yn 2020 krigest fansels corona. Dat wie dreech, mar dêr wurde je ek sterker fan."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Marijke en Peter genietsje fan it libben op Lefkas. Se wenje yn in appartemint en hawwe in priveestrantsje. "We kinne sa de see yndûke. Ek is der in grutte tún dêr't wy guod yn ferbouwe", fertelt Van der Hoek. "Dus dêr helje we faak ús fruit út."

Skûtsjesilen en de PC

"Ik genietsje fan it frije libben hjir. Minsken binne hiel spontaan. Se witte moarns net wat der jûns op it programma stiet." Neidiel is de temperatuer, dy't somtiden flink oprint. "38 graden is my echt te hyt. Dan sit ik binnen mei de airco oan."
© Marijke van der Hoek
As se dêr it skûtsjesilen of de PC opset, tinkt se wolris mei weemoed werom oan Fryslân. Al wennet se de helte fan it jier noch yn Beetstersweach. "Fan novimber oant april. Yndied, de omkearde perioade fan wat minsken faak dogge."

Emigrearje

Mar Grikelân lûkt har wol. "Der binne tsjintwurdich goede regelingen om hjir hinne emigrearje te kinnen. Dat komt omdat in soad heechoplate minsken it lân ferlitte fanwege de krisis. Dus miskien bliuwe we hjir wol permanint."