De toan fan Froukje Sijtsma: "Hoe hellest de hûndert?"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hast al in idee wêr't dyn 100ste kollum oer gean sil?", freget myn freon. Wy sitte moarns mei in bakje oploskofje op in camping yn Drinte.
Om ús hinne it gerûs fan beammen en de lûden fan fûgels. Wat hienen we der, beiden nei in drokke tiid, nei útsjoen om einlik wer ris mei it camperbuske op 'en paad te gean, en nachts ûnder it tintdoek op it hefdak te sliepen yn de frisse bûtenlucht. "Miskien wol wat mei it getal 100", antwurdzje ik.
Ferskate minsken hie ik lêst alris frege wat harren assosjaasje mei it getal 100 is. Ien kaam mei 'keammerke 100' op 'e proppen, in útspraak om oan te jaan dat je nei it húske moatte. Minsken hienen eartiids bûten in houten wc-hokje stean, fan eksakt 100 by 100 sentimeter. Fandêr de namme 'keamerke 100'.
De toan fan Froukje Sijtsma
In oar kaam mei de útspraak '100 punten' op 'e proppen, om dúdlik te meitsjen dat ien se net allegear op in rychje hat. Of sa't ik in freondinne it leaver seit: "Dy hat se ek net alle 24 mear yn it kretsje."
Myn muoike Griet moedige my oan om de Sweedske film 'De 100-jarige man die uit het raam klom en verdween' ris te sjen. En dat is wat ik fan 'e wike die. De film giet oer Allan, in âlde man mei in grutte fassinaasje foar eksploazjes, dy't op de dei dat er 100 jier wurdt, ûntsnapt út it âldereintehûs, goed en wol foar't syn ferrassingsfeestje losbrekt.
Allan nimt it libben sa't it op him ôfkomt. Fansels wol er op it stasjon wol passe op de koffer fan in opfokte man, dy't efkes nei keammerke 100 moat. Mar as Allan syn bus oanriden komt, giet de koffer mei op reis. En fan dan ôf rint alles yn it hûndert.
De koffer blykt grôtfol mei drugsjild te sitten. Underwylst makket de 100-jierrige in bysûndere roadtrip troch Sweden en wurde hieltyd mear minsken ûnderdiel fan syn achterfolging troch de maffia.
Tagelyk wurdt der op komyske wize weromblikt op de skiednis fan de 20e iuw, dêr't Allan in grut part fan meimakke hat. Allan syn 100ste jierdei wurdt der ien om nea te ferjitten.
Ek yn Ljouwert waard ôfrûne wike in feestje organisearre foar in hûndertjierrige lies ik de Ljouwerter Krante. De 100-jierrige Maria Weerman-Noordhoff seach lykwols gjin reden om út it rút te klimmen en út te naaien foar har eigen feestje. Mei de oare ynwenners fan har flatgebou, fierde se in stevich d mei fleurige draai-oargelmuzyk.
Har geheim foar dy 100 jier wol se bêst ferklappe. "We kampeerden altijd in een tent, daarna gingen we ook met de boot reizen. Ik ben altijd buiten geweest, dat is ontzettend goed voor je." Wize wurden fan in 100-jierrige.
En by dizze is ek myn 100ste in feit. En om kollum nûmer 100 te fieren gean ik de kommende tiid mar gewoan lekker in soad nei bûten ta. Underweis binne der grif in soad nije aventoeren te belibjen. Ik praat jimme der fansels de kommende tiid der wer graach, 'hûndert-út', oer by."