In koloniaal skilderij komt ta libben yn in stik oer it slavernijferline

© Afrida Adema
'Un dia nobo - Wan nyun dey - In nije dei.' Sa hjit de foarstelling oer it slavernijferline dy't yn juny yn Fryslân spile wurdt. Teäterselskip Pier21 hopet mei it stik mear begryp te krijen foar in ûnderwerp dat noch altyd ûnderbeljochte is.
De haadrolspilers binne Yuli Minguel en Hiske Oosterwijk. Sy spylje twa befeiligers fan in âld skilderij dêr't in swarte betsjinne op ôfbylde stiet. It koloniale skilderij soarget foar spanning tusken beide froulju. It doek komt ta libben en giet by de skiednis fan Kurasao, Suriname, Afrika en Fryslân del oan de hân fan dûns en muzyk.
Foar Yuli is it in dream dy't útkomt om yn in foarstelling mei dit ûnderwerp te spyljen. "Op school was er niet veel aandacht voor het slavernijverleden. Als zwart, in Nederland geboren meisje werd ik geconfronteerd met dat ik blijkbaar anders was. Ik denk dat dit verhaal alles in perspectief kan zetten."
In koloniaal skilderij komt ta libben yn foarstelling oer it slavernijferline
It is 150 jier lyn dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte. De foarstelling hat lanlike alluere mei belutsenen dy't nasjonaal en ynternasjonaal in soad mei dit ûnderwerp dogge. Skriuwer is Guus Pengel en de foarstelling wurdt regisearre troch Kees Scholten fan Het Volksoperahuis.
In reportaazje oer de foarstelling
Pengel hat him ynspirearje litten troch de Fryske situaasje. Sa bestiet it skilderij yn it stik echt. It koloniale skilderij hinget yn hotel Stadhouderlijk Hof yn Ljouwert. "Het is een ingewikkelde en pijnlijke geschiedenis. Als we dit verhaal vertellen is er een kans dat we elkaar in het heden gaan begrijpen."
Untold út Amsterdam stiet Pier21 by. Se hâlde harren troch dûns, muzyk en teäter dwaande mei de emansipaasje fan identiteit en kultuer.
© Ptahankhre Photography
Neffens Otmar Watson fan Untold is it slavernijferline en hoe't dit trochwurket noch altyd ûnderbeljochte. "Onze geschiedenis van de Afrikaanse Surinamers en Curaçaoërs is heel mooi, heel breed en heeft ook pijnlijke delen. We leven in een multi-etnische samenleving waarin alle verhalen gehoord en gezien moeten worden."
'Un dia nobo - Wan nyun dey - In nije dei' is fan 6 juny oant en mei 9 july te sjen.