Krekt wat minder Fryske jongelju krije jeugdsoarch

© ANP
Ofrûne jier hawwe 17.545 jongelju yn Fryslân jeugdsoarch krigen. Dat is krekt wat minder as yn 2021, doe wiene it der 17.590. Yn Smellingerlân en Eaststellingwerf wurdt relatyf sjoen in soad jeugdsoarch jûn.
Yn Fryslân wurde relatyf sjoen de measte bern beskerme. Yn de praktyk fernimt Charlotte van der Wal dat de groep fan 18 oant 25 jier, wêrfan't in diel offisjeel krekt bûten de jeugdsoarch falt, it net maklik hat.
Van der Wal is direkteur fan soarchorganisaasje KieN, dat fjouwer fêstigingen yn Fryslân hat. "Daar zijn wij enorm van geschrokken, we zien dat de coronaperiode daar veel invloed op heeft gehad."
Tiisdeitemiddei siet sy mei âlden fan bern dy't jeugdsoarch krije en mei steatssekretaris fan Folkssûnens Maarten van Ooijen om tafel. "Hij heeft gezegd dat we niet moeten willen dat 1 op de 7 jongeren tegenwoordig jeugdzorg nodig heeft terwijl dat eerder 1 op de 25 was. Maar zo werkt het natuurlijk niet, je zegt ook niet dat we niet moeten willen dat de aarde opwarmt, het gebeurt gewoon."
Neffens har moat dêrom ynset wurde op it ferlet fan de jongerein en it betinken fan oplossingen dêrfoar. "Wat ik mooi vond is dat de persoonlijke verhalen van ouders de staatssecretaris leken te raken. Maar het is een lastig probleem om op te lossen, de oorzaken van jongeren die jeugdzorg nodig hebben liggen soms ook in hun sociaaleconomische situatie."

Koprinner yn jeugdbeskerming

As it giet om it oantal jongelju tusken de 0 en 18 jier mei jeugdbeskerming is Fryslân, krekt as ôfrûne jier, koprinner. Dat wol sizze dat dat de rjochter ûnder twang in maatregel opleit wannear't frijwillige help net (mear) wurket en de ûntwikkeling fan in bern yn it gefaar liket te kommen.
1,29 persint fan de Fryske jongelju krijt jeugdbeskerming, dat binne der 1.855. Dat nimt ek ôf: it ôfrûne jier wie dat 1,36 persint. Lanlik is dat ien persint.

Eaststellingwerf

In opfallende tanimming is te sjen yn Eaststellingwerf: yn 2021 krige noch 11,3 persint fan de jongelju tusken 0 en 23 jier jeugdsoarch, wylst dat ôfrûne jier 12,6 persint wie. De gemeente stiet dêrmei mei gemeente Smellingerlân op it earste plak.
De jeugdsoarch demonstrearret yn Den Haag © NOS
Dat der in soad jongelju jeugdsoarch krije hoecht lykwols net te betsjutten dat it ferlet oan jeugdsoarch yn dy gemeenten heger is, seit it CBS.
It kin ek sa wêze dat de gemeenten mear jeugdsoarch oanbiede. Oarsom kin dat ek it gefal wêze, gemeenten mei lege oantallen jongelju dy't soarch krije kinne bygelyks minder jild hawwe om oan dy soarch te besteegjen.

In drok jier foar de jeugdsoarch

Op it gebiet fan jeugdsoarch is in soad bard yn 2022. Sa staakten de Fryske jeugdsoargers fanwegen de hege wurkdruk en berikten dêrmei begjin dit jier in akkoart om de wurkdruk oan te pakken. Ek wie der noed oer lange wachtlisten. De wachtlisten binne net meinaam yn de sifers om't dy allinnich geane oer it oantal jongelju dat al help krijt.
Boppedat hawwe bern ek in mindere sûnens troch de coronakrisis, is de beskerming fan minderjierrige asylsikers minder wurden en is der sprake fan mear berne-earmoed.
Ek fernimt Van der Wal dat troch it skommeljende belied de wurkdruk bot tanaam is. "Wij proberen het als organisatie wel zo eenvoudig mogelijk te maken maar je merkt toch dat het extra capaciteit inneemt."
It Ryk wie fan doel ek nochris te besunigjen op de jeugdsoarch, mar yn april hat de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) in akkoart mei it Ryk sletten. Dêryn stiet ûnder oare it plan de besuniging op de jeugdsoarch dy't tusken 2023 en 2025 barre soe, te befriezen. Dêr moat troch de leden noch oer stimd wurde, it kin 14 juny definityf wurde.