Skiedsrjochter is noch yn shock nei geweld by VV Bûtenpost: "Niet makkelijk"

Robert de Wit (rjochts) © Orange Pictures
Skiedsrjochter Robert de Wit makket in soad mei op it fuotbalfjild. "Maar deze extreme manier van geweld heb ik nog niet eerder gezien." Hy doelt op de houwerij nei de wedstriid fan sneon tusken VV Bûtenpost en DHSC.
De Grinslanner is yntusken sa'n 15 jier KNVB-skiedsrjochter. In pear dagen nei it geweld is er al wat bykaam, mar de holle draait noch hieltyd troch. "Ik moet heel eerlijk zijn, ik moet het nog wel een plek geven. En ik denk dat het goed is om daar ook even de tijd voor te nemen, voordat je daar een uitspraak over doet."
Als je zulke dingen ziet gebeuren, dat is niet makkelijk, laat ik het zo zeggen.
Robert de Wit
It konflikt hat in djippe yndruk achterlitten. "Ik ben een heel groot liefhebber van het spelletje, maar dit geeft wel even een tik." In spiler dy't út de tiid rekke en de flinke fjochtpartij, hy sjocht it noch sa foar him. "Als je zulke dingen ziet gebeuren, dat is niet makkelijk, laat ik het zo zeggen."
"Ik sta elk weekend op het voetbalveld en zoals ik het afgelopen weekend heb meegemaakt, heb ik het nog niet eerder gezien. Laten we hopen dat het dan vooral een incident is", fersuchtet De Wit.

Fol adrenaline

Der ûntstie diskusje nei't de ploech út Utrecht ferhaal helje woe. Doe't de flam yn 'e panne sloech, stie De Wit op in ôfstân. Yn de gaos besocht er te observearjen. "Je zit dan vol adrenaline en bent eigenlijk niet met jezelf bezig. Je houdt dan ook de veiligheid van de spelers op het veld in de gaten."
In spiler fan Bûtenpost rekke ferwûne: hy rûn in harsenskodding, in brutsen noas en skansearre tosken op. It slachtoffer hat oanjefte dien by de plysje.
Doe't de rûzje wer wat delbêde, rjochte hy him op de ferwûne spiler, dy't op 'e grûn lei. Dêrnei kamen plysje en ambulânse nei sportpark De Swadde. "Als je daarna de kleedkamer binnenkomt, dan komt pas echt binnen wat er is gebeurd."
De KNVB is yntusken drok dwaande mei in ûndersyk, lit De Wit witte. Fierder is de plysje dwaande mei in strafrjochtlik ûndersyk, wêrby't ek de help fan tsjûgen frege wurdt.