Tekoart oan begelieders foar statushâlders by helte fan de Fryske gemeenten

Begelieders binne fan grut belang foar jong en âld © Omrop Fryslân
Troch de grutte stream flechtlingen is der in tekoart oan frijwilligers foar begelieding fan statushâlders by njoggen Fryske gemeenten. Dat docht bliken út in rûnfraach fan Omrop Fryslân.
Eltse gemeente mei sels kieze hoe't se statushâlders begeliede. Guon gemeenten wurkje gear mei Vluchtelingenwerk, oare gemeenten skeakelje lytsere organisaasjes yn om frijwilligers te sammeljen foar it wurk.

Praktyske stipe

As maatskiplik begelieder fan in statushâlder regelest yn de earste oardel jier praktyske saken foar harren. It giet om minsken dy't yn Nederlân bliuwe meie en hjir in hûs tawiisd krigen ha.
As begelieder kinne je helpe mei it regeljen fan enerzjy en wetter, mar bygelyks ek in soarchfersekering en bernetaslach oanfreegje. Dêrneist helpt in begelieder de statushâlder om mei te draaien yn de mienskip.
Wolsto dy ek ynsette as frijwilliger foar statushâlder? Sjoch dan hjirûnder hoe't de begelieding yn dyn gemeente regele is.

Yn hokker gemeenten is in tekoart oan frijwilligers?

Gemeente Organisaasje Status
Achtkarspelen Vluchtelingenwerk Kin mear frijwilligers brûke
Amelân Gjin statushâlders Gjin nedich
Dantumadiel Bolwerk/Timpaan Hat genôch frijwilligers
De Fryske Marren Vluchtelingenwerk Hat genôch frijwilligers
Eaststellingwerf Scala Welzijn Hat genôch frijwilligers
Flylân Gjin statushâlders Gjin nedich
Harns Connexa Kin mear frijwilligers brûke
Hearrenfean Vluchtelingenwerk Kin mear frijwilligers brûke (it leafst yn Akkrum)
Ljouwert Vluchtelingenwerk Kin mear frijwilligers brûke
Noardeast-Fryslân Bolwerk/Timpaan Hat genôch frijwilligers
Opsterlân Code Hans Kin mear frijwilligers brûke
Skiermûntseach Gjin statushâlders Gjin nedich
Skylge Gjin statushâlders Gjin nedich
Smellingerlân VluchtelingenWerk Kin mear frijwilligers brûke
Súdwest-Fryslân Vluchtelingenwerk Kin mear frijwilligers brûke
Tytsjerksteradiel Vluchtelingenwerk Kin mear frijwilligers brûke
Waadhoeke Connexa Kin mear frijwilligers brûke
Weststellingwerf Timpaan Welzijn Kin mear frijwilligers brûke
Yn Waadhoeke en Harns leit de begelieiding yn hannen fan Connexa, dêr't Marjan van der Heide koördinator is. "Door de grote toestroom van vluchtelingen die een verblijfstatus krijgen en in het vervolg daarop een huis toegewezen krijgen, zijn er meer vrijwilligers nodig om deze mensen te helpen een goede start te maken in ons land."
Van der Heide nimt it wurk yntinsyf, mar ek suksesfol. "De vrijwilligers wonen zelf ook in de omgeving waar de statushouder woont. De betrokkenheid van de vrijwilliger gaat dan veel verder, vergeleken met wanneer je er een professional opzet."
Der is in tekoart oan frijwilligers foar begelieding fan statushâlders yn Fryslân
Frijwilliger Martin Krot wurket al seis jier mei statushâlders, wêrfan twa jier by Connexa. "Ik heb veel sympathie voor deze mensen. Het doorzettingsvermogen is hetgeen wat mij het meest bijstaat van alle statushouders."

'In yngewikkeld rezjym'

Krot is bliid dat hy harren helpe kin om te navigearjen yn wat hy 'in yngewikkeld rezjym' neamt, dêr't minsken yn telâne komme. Krot doelt op alle regelsaken dy't op in statushâlder ôf komme,
Je bouwe as frijwilliger faak in bân op mei minsken © Omrop Fryslân
Ien fan de statushâlders dy't Krot no helpt is de Syryske Ahmad Alsharif. Hy is 27 jier en wennet mei syn trije jonge bern en frou in healjier yn Minnertsgea. Hy wurdt sûnt dy tiid begelaat troch Martin, en se hawwe yn dy tiid in waarme bân opboud. Sa waarm sels, dat Ahmad Martin in 'broer' neamt.
De kommende wiken sil er it lykwols sûnder syn grutte stipe dwaan moatte, want Krot sil op fakânsje. Dat is dan ek krekt de reden dat se yn Waadhoeke mear frijwilligers sykje, om soksoarte fakânsjemominten goed op te fangen.
Neist it tekoart fan frijwilligers wol Van der Heide noch in tekoart ûnder de oandacht bringe: der binne ek mear pleechhúshâldingen foar allinnichsteande minderjierrige asylsikers nedich.