Provinsje stipet Passion Himelfeart, mar wol graach mear Frysk hearre

De provinsje Fryslân stipet The Passion Himelfeart yn Snits en Boalsert mei 33.000 euro op betingst dat it Frysk dêr mear te hearren wêze sil as by The Passion yn Harns mei Peaske.
Deputearre Sietske Poepjes wol dat de kommende dagen nochris beprate mei de gemeente Súdwest-Fryslân en de produsinten fan it tv-programma. De provinsje stipe earder The Passion yn Harns mei 100.000 euro.
Moaie bylden, te min Frysk
Poepjes wie optein oer de moaie bylden fan de Fryske havenstêd en it grutte berik fan it programma, mar hearde net folle Frysk. Sy tidiget der op dat yn de telefyzjeregistraasje fan The Passion Himelfeart mear Frysk te hearren wêze sil.
"Der moat yn it programma romte en plak wêze foar de Fryske taal en kultuer. Dat is ús betingst", seit deputearre Poepjes. "Ik haw der alle betrouwen yn dat de produsinten fan The Passion Himelfeart en de gemeente Súdwest-Fryslân in moai stikje Frysk op telefyzje sjen litte sille."
Mienskipsjild
Poepjes wol har lykwols net te bot mei de ynhâld fan it programma bemuoie, mar "it jild dat se fan ús krije is wol mienskipsjild, en it Frysk is fansels in prachtige taal." Poepjes wiist der fierder op dat de stêden Boalsert en Snits 'in Frysker karakter' hawwe as de havenstêd Harns.
Deputearre Sietske Poepjes
Poepjes is fierder goed te sprekken oer The Passion-útstjoerings fanút Harns, Snits en Boalsert. "The Passion yn Harns is troch mear as 3 miljoen minsken sjoen. Fryslân pakt sa it poadium en dat is altiten goed."