Plysje docht yn de Súdwesthoeke in proef mei digitaal buertûndersyk

Plysjes yn Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren dogge in proef mei digitaal buertûndersyk. As minsken net thús binne, krije se in flyer mei dêrop in QR-koade. Dêrnei is it maklik om bylden of tips te dielen mei de plysje.
No krije minsken by in buertûndersyk in formulier troch de bus as se op dat stuit net thús binne. Foar guon minsken smyt dat in drompel op.
"Dan kan het zijn dat er kostbare informatie verloren gaat", seit plysjeman Robert Kuipers. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers foar de proef yn de Súdwesthoeke. "Kleine puzzelstukjes maken soms een groot onderzoek."

It nije buertûndersyk is yntusken ien kear ynset. It gie om brânstofstellerij yn de omjouwing fan Hylpen. "Dat heeft helaas nog niet tot tips geleid", seit Kuipers.
Dochs hat hy in soad betrouwen yn it systeem: "Het loopt elders al. Amsterdam is er bijvoorbeeld al ver mee. Daar gebruiken ze social media ook actief. Dat willen wij ook gaan inzetten. Dus dat je daar een QR-code ziet die je scant en doorstuurt naar de goede site."
Plysje docht yn de Súdwesthoeke in proef mei digitaal buertûndersyk
It moat minsken oer in drompel helpe, hopet Kuipers. "Vooral naderhand zien mensen die drempel. Dit systeem kan ze daar overheen helpen. Vanuit je luie stoel de informatie naar ons toe brengen."
Dat kin ek anonym, seit Kuipers. "Het is handig als mensen hun gegevens achterlaten, zodat we later nog contact met ze kunnen hebben, maar dat is niet verplicht."