Jan Sierksma krijt kompliminten fan Paolo Maldini: "Foar my is hy in leginde"

Jan Sierksma mei de beker fan de UEFA Youth League © ANP
"Hast efkes? Dat is net yn in pear minuten te beskriuwen." Fuotbaltrainer Jan Sierksma fan Burdaard wurdt op it stuit libbe, nei't er moandei mei AZ ûnder de 19 jier de Champions League foar jeugdteams wûn.
Nea earder wûn in Nederlânske ploech de UEFA Youth League, sa't it toernoai hjit. Sierksma en AZ fersloegen yn de finale it Kroätyske Hajduk Split mei 5-0. Tiisdei waarden de Alkmaarders wekker nei in wat koarter nachtsje as gewoan.
"We hiene fuort feest op it fjild en krigen de beker útrikt, wêrnei't it feest him ferpleatste nei de klaaikeamer", fertelt Sierksma as er weromsjocht op de moandeitejûn. "Dêrnei hiene we yn it haadkantoar fan de UEFA in diner mei in lyts momint út de organisaasje wei."

"Moaie trofee"

It feestje is dêrnei fuortset yn it hotel. Tiisdeitemiddei fleane de spilers en coaches werom nei Nederlân. Tiid om by te kommen, is der dan noch net, want jûns skoot Sierksma mei in oantal fan syn spilers oan by in talkshow op de nasjonale telefyzje.
It besef dat AZ en de 38-jierrige Fryske coach histoarje skreaun hawwe, komt stadichoan. "It begjint in bytsje yn te dalen, mar it komt hiel ûnrealistysk oer. Der stiet in moaie trofee op myn buroke op myn hotelkeamer. It is echt in fantastyske prestaasje."
Jan Sierksma by de finale tsjin Hajduk Split © ANP
De finale ferrûn moandei neffens in ideaal senario foar AZ. It ferdigenjend spyljende Hajduk Split moast yn de twadde helte wol oanfallender spylje, omdat AZ krekt foar it skoft op in 1-0-foarsprong kaam wie troch in strafskop.
De ploech fan Sierksma wist goed om te gean mei de romten dy't de Kroäten beaen. "Us posysjespul is fan in hiel heech nivo", fynt Sierksma, dy't grutsk is op syn ploech. "Foaral op it teamgedrach dat we sjen litten ha. It binne jonges dy't in ynternasjonale karriêre neistribje, mar we hawwe útstrield dat we it tegearre dogge."
Hy sei dat er genoaten hie fan ús spul en dat we terjochte de finalist wiene.
Jan Sierksma oer de kompliminten fan Paolo Maldini
Doe't nei it skoft frij gau de 2-0 foel, wist de Burdaarder dat de winst binnen wie. Uteinlik rûn AZ út nei 5-0. "Dat binne klinkende sifers en dat is typearjend foar dizze groep. Se binne hiel hongerich, dat seachst by de goals. Gau fiere, de bal pakke en noch in gruttere útslach delsette."
By de finale sieten fuotbalikoanen as Fabio Capello, Luis Figo en Oranje-bûnscoach Ronald Koeman op de tribune. Mar in komplimint dat Sierksma earder krige, die him it meast. Ald-fuotballer fan AC Milan en it Italiaanske nasjonale alvetal, Paolo Maldini, kaam freed nei Sierksma ta.
Maldini wûn fiif kear de Champions League mei AC Milan en is der no technysk direkteur. "Hy sei dat er genoaten hie fan ús spul en dat we terjochte de finalist wiene. Foar my is dat in leginde. It is bysûnder en dan steane je dochs wol efkes te genietsjen mei-inoar. As se op dy wize oer ús spul prate, binne we allinnich mar grutsk."

Treffen yn Súd-Amearika

Troch de winst fan de Youth League mei AZ yn augustus in wedstriid spylje tsjin de winner fan dat toernoai yn Súd-Amearika. "Dat is ek wol in fantastysk foarútsjoch", fynt Sierksma. Der is allinnich ien 'probleem': de kâns is grut dat hy op dat momint coach is fan Jong AZ en yn de earste divyzje is it seizoen dan al begûn.
Mar dat wurdt wol oplost, hat AZ him al witte litten. "Juster is my tasein dat ik dy coache mei. Dat binne hiel bysûndere mominten", beslút Sierksma.