HEA! De caravan yn Balk

HEA! De HEA!-caravan yn Balk
De HEA!-caravan hat wer op 'en paad west en stie sneon op it terras fan kafetaria De Linde yn Balk. Willem "de ijskoning" is krekt werom út Kenia. Dêr joech er frijwillich Ingelske les oan jonge bern op in basisskoalle. Hy wenne en libbe dêr in pear moanne as Keniaan. Dat fynt er hiel bysûnder.
En Sjoerd de Vries spilet in soad op merken op syn oargel. It jild dat it opsmyt, wurdt bestege oan lytse presintsjes foar minsken dy't dat goed brûke kinne. En ek binne we op besite by Radio Spannenburg dêr't Anne van der Berg in goeie tip hat foar Omrop Fryslân.