Harich is wer by de tiid no't klok fan de tsjerke werom is

Meine de Vries fan tsjerke Harich © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De klok fan de Harichster tsjerke is opknapt. De âlde klok wie troch in stoarm skansearre en moast ferfongen wurde.

"Sûnder klok is Harich ek wat ferlern hè", seit frijwilliger Meine de Vries fan de tsjerke. De Harichster is al syn hiele libben ferbûn mei de tsjerke. Hy is der berne en set him as frijwilliger yn foar it behâlden fan de tsjerke.

Unwennich

"Ast Harich yn rydst, dan sjogge je dy tsjerke al", seit De Vries. "Doe't de ynwenners fan Harich it doarp yn kamen, fielde it dus efkes ûnwennich dat de klok der net wie."
Sels de bêste klok is wolris fan 'e slach, witte se yn Harich
De âlde klok wie troch in stoarm skansearre. Doe moast alles ferfongen wurde. "Wy binne no wer by de tiid. Kinst hast better sizze dat wy in sprong yn de tiid makke ha, want de klok hat sels LED-ferljochting", fertelt De Vries.
"Sa kinne de minsken yn it donker de klok noch lêze. Dat is geweldich want it liket jûns ek hiel moai. De tsjerke stiet yn it ljocht en dan sjochst dy wizers derby. Fantastysk."