Arriva set ekstra en langere treinen yn op Keningsnacht en -dei

In trein fan Arriva © ANP
Op Keningsnacht en -dei ride der yn Fryslân en Grinslân langere en ekstra treinen fan Arriva. De bussen fan de maatskippij ride op Keningsdei neffens in sneonstsjinstregeling.
De ekstra lange treinen ride op Keningsnacht fan 23.00 oere ôf tusken Ljouwert en Grins. Op Keningsdei sette dizze fan 21.00 oere ôf ôf. Om 00.24 giet der in ekstra trein fan Grins nei Ljouwert.
Oerdei rydt Arriva mei langere treinen op de mominten wêrop't ekstra drokte ferwachte wurdt. Tusken Ljouwert - Starum, Ljouwert - Grins, Grins - Veendam/Weener en Grins - Delfzijl is dit fan 12.00 oant 18.00 oere.

Bussen neffens sneonstsjinstregeling

De bussen fan Arriva ride op Keningsdei neffens in sneonstsjinstregeling. Dat betsjut dat der moarns betiid minder bussen de dyk op gean.