GGD jout tips oan festivalbesikers: tink om dyn drankje, lit dy net drogearje

Sûnensorganisaasje GGD Fryslân warskôget besikers fan festivals om de hân boppe de drankjes te hâlden, oars kinne se mooglik ûnbedoeld drugs binnenkrije.
Oer in pear dagen is it Keningsdei, ek mei live-myzyk bûtendoar. By drogearjen wurdt - sûnder dat ien it trochhat - wat yn it drankje dien. Dêrtroch kinne minsken út de tiid reitsje.
De oanlieding foar de oprop fan de GGD is dat de organisaasje hieltyd faker yn de media sjocht dat minsken bang binne dat se wat yn harren drankje krije, seit Derk Moor fan de GGD Fryslân. Hy kin dreech sizze oft it hieltyd faker foarkomt, mar it liket wol in hype dat minsken it gefoel hawwe dat it barre kin.
Wannear is der mooglik sprake fan drugs yn dyn drankje?
* Ast in black-out hast of dingen net mear witst;
* Ast misklik bist en spuie moatst;
* Ast nuvere dingen dochst, sjochst of fielst;
* Ast grutte pupillen hast;
* Ast net sliepe kinst;
* Ast út de tiid bist of krekt hiel wekker bist.
Boarne: GGD
De sûnenstsjinst jout op de eigen webside tips om sjen te kinnen wat drogearjen is. Ek fertelle se oer in koadewurd. As minsken tinke dat der wat yn harren drankje dien is, moatte se tsjin it barspersoniel sizze: 'Is Angela dêr ek?' Dy witte dan dat der wat oan 'e hân is.
De floeistof GHB is de drug dêr't it measte oan tocht wurdt as de sprake is fan 'wat yn in drankje dien', mar it kin ek gean om oare drugs of pillen. Dochs komt drogearjen minder faak foar as tocht wurdt, neffens Moor.
Minsken dy't tinke dat se drogearre binne, hawwe ek faak alkohol dronken. As se dan in drugstest dogge, skoare se faak negayf.
Wat moatst dwaan ast tinkst datst drugs binnen krige hast?
* Sis it tsjin de minsken yn dyn omjouwing datst it fermoeden hast;
* Sis it tsjin it barpersoniel of de befeiliging. It leafst sa gau mooglik, mar it kin ek yn de dagen dêrnei;
* Soargje der binnen in pear oeren foar datst wat urine yn in potsje hast en bewarje dat yn de kuolkast;
* By soargen oer de sûnens, skeakelje medyske help yn, ek as oaren soargen hawwe oer dyn sûnens;
* Belje mei de Drugs Infolijn.
Boarne: GGD
Guon drugs kinst priuwe. Sa is GHB bygelyks sâlt en oare drugs kinne gemysk of bitter smeitsje. Mar ast alkohol drinkst, priuwst minder goed. En alkohol kin ek ferkeard falle sadat minken mislik binne, black-outs hawwe of of út de tiid reitsje. Dat binne klachten dy't ek oan drugs taskreaun wurde.
Soms hawwe de klachten ek in oare oarsaak. Sa kin bygelyks út de tiid reitsje ek komme troch fierste hege temperatueren, troch panyk, medisinen, stress of in sykte. Fierders kin der ek sprake wêze fan gjin opset. Op plakken dêr't in soad GHB brûkt wurdt, komt it wolris foar dat glêzen ferwiksele wurde.
De GGD wol minsken net bang meitsje, mar gewoan praktyske tips jaan. As ien dy in drankje oanbiedt, rin dan efkes mei nei de bar.