Bouboeren lizze troch wiete waar wiken efter op skema: sinne en wyn nedich

Wylst de moanne maaie al hast begjint, hawwe Fryske bouboeren noch hieltyd kwalik sipels en biten siedde. De ynskatting is dat 60 persint noch hieltyd moat.
Ek it ierappelsetten rint fier efter by gewoane jierren. Al wikenlang is it te kâld en foaral fierstente wiet foar de boeren. Allinnich it ôfrûne wykein al is der wer 30 milimeter rein fallen.
"Normaliter hewwe wij om deuze tiid al 't saadwerk fan die biten en sipels al klaar en waren wij folop in de irpels an 'e gang", seit Teun de Jong. Hy is al fjirtich jier bouboer op It Bilt en de lêste fjirtjin jier foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond.
D’r gaat soamaar ‘n week overhine foordat ’t echt droog is en wij op alle plakken saaie kinne.
"At je nou na búttenen kike, worre de rútten weer spoeld deur de soafeulste boi. Deuze week is dus ok al ferbij, at je 't soa bekike." Want ek al soe it de rest fan de wike net mear reine, dan noch kin De Jong net samar oan de slach.
"D'r gaat soamaar 'n week overhine foordat 't echt droog is en wij op alle plakken saaie kinne. Dan binne wij dus al gau tien dagen feerder, dus dan sitte wij al in 'e eerste week fan maai."

Syn kollega's sitte mei itselde probleem. Der is in inkeling dy't wat op wat hegere grûn sit en dêrfan profitearret, mar dat jildt net foar de measten. "Die wachte allegaar ant 'e grônd goed en droog genog is om derin werke te kinnen. Want je kinne d'r nou wel in omgrieme, maar dan hewwe je der later weer last fan."
It is wieter as gewoan en kâlder as gewoan. Beide faktoaren binne in probleem foar de boeren. "Want natte grônd is kouwe grônd. 't Mot eerst opdroge, dan wort de timperatuur fan 'e grônd hoger. 't Drogen gebeurt alleen met son en wyn. Maar at wij 'n omslag fan 't weer krije, binne wij wel 'n stikminnig groeiweken kwyt."
1983 net folle better
Dat betsjut oan de ein fan de rit in legere opbringst. Op dit stuit leit De Jong sa'n trije wiken achter op it reguliere skema. Dat kin noch fierder oprinne. Mar hy is wol wat wend. "Dat is 't foordeel fan dat je al wat ouwer binne. Myn eerste jaar waar 't ikoanise jaar 1983, doe konnen wij foor juny 't feld niet op. Doe hadden wij ok halve opbringsten."
Dat waard dat jier noch wat kompensearre troch hegere prizen, mar it is noch net wis oft dat dit jier wer slagget. Neffens De Jong binne de omstannichheden yn Dútslân en Noard-Frankryk better, dus de konkurrinten dêr kinne wol op tiid plantsje en siedzje.
Benaud wurdt De Jong der net fan. "'n Boer is optimist, âns saait-y niet."