Leonard Leijdesdorff wie ien fan de lêste Joaden dy't Harns ferliet

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Leijdesdorff fan Midlumerweg 5
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan Leonard en Rosalie Leijdesdorff fan Midlumerweg 5 (no Midlumerlaan 32).
Al jong giet Leonard Leijdesdorff, berne yn Frjentsjer, alle sneonen nei de Joadske gemeente yn Harns. Mei syn heit en broer rint er nei de sjoel (synagoge) oan de Raamstraat. Heit Isaäc is juwelier yn Frjentsjer en yn 1898 iepenet er in goudsmidswinkel oan de Simon Stijlstraat yn Harns.
De famylje lit de winkel yn 1907 fernije en dat is ek it momint dat soan Leonard de winkel oernimt. Hy ferkeapet juwelen, horloazjes en klokken. Leonard is op dat stuit 26 jier âld. In jier letter trout er mei Anna de Vries, in famke út Hoorn.
Leonard is gjin otterdokse Joad: de húshâlding yt net perfoarst kosjer en op sneon kin de winkel iepen, ek al is it de rêstdei. De hannel rint goed, want yn 1913 lit Leonard in nij winkelpân oan de Voorstraat bouwe. De húshâlding sels ferhuzet nei de Kleine Voorstraat. Yntusken binne der ek twa jonges by kaam: Isaäc (1909) en Simon (1912).
Anna komt te ferstjerren, mar Leonard trout yn 1937 nochris. No mei Rosalie Vos, in widdo dy't hast rjocht efter de juweliersaak wennet. Twa jier letter docht Leonard de winkel oer oan syn jongste soan, Simon.

Yn it ûnwisse

Op 9 maart 1943 ferlitte de lêste njoggen Joaden Harns, sy reizgje fia Ljouwert nei Westerbork. Under har ek Leonard en Rosalie. "We weten natuurlijk niet hoe lang we nog kunnen blijven", skriuwt Leonard yn april noch oan syn soan.
Net lang, sa die bliken. Trije dagen letter wurdt it pear nei Sobibor deportearre, dêr wurde sy op 30 april 1943 fermoarde.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.