Drugskriminelen ferlizze wurkfjild nei Noard-Nederlân: "Gevaren nemen toe"

De fynst yn in drugslab yn Sint Anne © Politie.nl
Yn Fryslân binne it ôfrûne jier seis syntetyske drugslaboratoaria oprôle. Dat is in ferdûbeling yn ferliking mei 2021. De plysje konstatearret dat it giet om in útwreiding fan de aktiviteiten fan kriminelen út oare parten fan it lân.
Dat docht bliken út it Nationaal Overzicht Drugslocaties 2022 dat de plysje publisearre hat. It tal produksjelokaasjes fan syntetyske drugs dat ôfrûne jier troch de plysje oprôle waard, leit 20 persint heger as yn de jierren dêrfoar.
Ferline jier waard de drugshannel in slach tabrocht nei it ûntsiferjen fan kryptokommunikaasje tusken ferskate kriminele netwurken. Mar de merk is de lêste tiid wer oanlutsen en de produksje is wer opfierd.
De plysje slagge der earder yn de kommunikaasje fan kriminelen, mei swier befeilige kryptotelefoans, te kreakjen. Aginten koenen lang meilêze en sa sicht krije op kriminele aktiviteiten. Oan de hân fan dy gegevens binne in soad minsken oanhâlden en binne drugslaboratoaria oprôle.
Kriminele organisaasjes ferlizze harren wurkfjild no nei Noard-Nederlân. Haad resjerzje Sylvia te Wierik fan de plysje Noard-Nederlân seit dat ek: "We zien dat verdachten uit de rest van het land naar hier komen. Met hulp van het kraken van de cryptocommunicatie hebben we veel meer zicht gekregen op waar ze zitten."
De risico's en gevaren nemen dan toe.
Sylvia te Wierik (plysje) oer dat der no minsken mei minder ûnderfining yn drugslabs wurkje
It hat derta laat dat kaaifigueren oppakt binne. Dat soarget ek foar problemen, want de minsken dy't no op de drugslabs sitte, witte der minder fan. Te Wierik: "De productie wordt dan steeds moeilijker. De risico's en gevaren nemen dan toe."
Se neamt as foarbyld de ûntploffings yn De Haule en in brân yn Drachtsterkompenije: "Daar zie je hoe gevaarlijk het is. In Haule kwam een man om het leven en raakte iemand anders zwaargewond."
Drugskriminelen ferlizze har wurkfjild mear en mear nei Noard-Nederlân
It tal tips is it ôfrûne jier fermindere. Te Wierik tinkt dat it ûnder oare te krijen hat mei de ein fan de coronapandemy. Minsken wurkje minder thús en sjogge dus ek minder. "Maar de tips zijn onmisbaar. Zeker als het gaat om dit soort gevaarlijke labs. Het kan dan bijvoorbeeld gaan om auto's die ergens staan en daar niet thuishoren."

Pantsje mei sjipsop op it fjoer

Mar ek geur kin in oanwizing wêze, seit forinsysk koördinator Sonja fan de plysje, dy't fanwegen feiligens allinnich mei har foarnamme neamd wurde mei. "Een indicator is een chemische lucht. Sommige mensen vinden het naar anijs ruiken. Ikzelf vind het wat zoeter van geur. Soms zetten de criminelen ook wel een pannetje met zeepsop op het vuur om de geur te maskeren."
Helptsjinsten by in eksploazje yn in drugslab yn De Haule © CAMJO media
It tal tips is it ôfrûne jier fermindere. Te Wierik tinkt dat it ûnder oare te krijen hat mei de ein fan de coronapandemy. Minsken wurkje minder thús en sjogge dus ek minder. "Maar de tips zijn onmisbaar. Zeker als het gaat om dit soort gevaarlijke labs. Het kan dan bijvoorbeeld gaan om auto's die ergens staan en daar niet thuishoren."

Pantsje mei sjipsop op it fjoer

Mar ek geur kin in oanwizing wêze, seit forinsysk koördinator Sonja fan de plysje, dy't fanwegen feiligens allinnich mei har foarnamme neamd wurde mei. "Een indicator is een chemische lucht. Sommige mensen vinden het naar anijs ruiken. Ikzelf vind het wat zoeter van geur. Soms zetten de criminelen ook wel een pannetje met zeepsop op het vuur om de geur te maskeren."
Foar har wurk is Sonja belutsen by ûndersyk yn de produksjelaboratoaria. "In de chemische industrie is alles gebonden aan strenge regels. Op die locaties is het een grote bende. Het stinkt en overal staan bijtende stoffen."
De regels foar it omgean mei gemyske stoffen wurde dêrby net hantearre, seit se. "Het is daar echt heel gevaarlijk." Mei har wurk besiket se spoaren feilich te stellen.
"We zoeken naar persoonsgebonden sporen om zo mogelijke betrokken personen te achterhalen. Ieder mens laat veel sporen achter. Denk aan vingerafdrukken of huidschilfers."

Minder himpkwekerijen oprôle

Om't de prioriteit fan de plysje no by de opspoaring fan produksjelokaasjes fan syntetyske drugs leit, wurde der minder himpplantaazjes oprôle. Yn 2022 wienen dat der 131 yn Noard-Nederlân, in jier earder 184. Te Wierik: "De burgemeesters en de officieren van justitie, het bevoegd gezag, hebben daartoe besloten. Juist vanwege het gevaar in de wijken en van de criminelen zelf."
Dochs wurdt der fuortendaliks yngrepen as der klachten binne fan omwenners. "Dat kan gaan om wateroverlast of van het aftappen van stroom. Dan grijpen we direct in", seit Te Wierik.