Bosschaart nimt mei pine yn it hert ôfskie by Cambuur: "Tuurlijk doet het me wat"

Pascal Bosschaart moat SC Cambuur nei fjouwer jier ferlitte, jierren wêryn't er suksessen belibbe mei de klup. It beslút op himsels kin er akseptearje, mar de wize wêrop't de direksje dat fertelde net.
It kontrakt fan de assistint-trainer rint nei dit seizoen ôf. Bosschaart krige in moanne lyn te hearren fan direkteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt dat it net ferlinge wurdt.
"Dat de club de keuze maakt om niet met mij verder te gaan, is het goed recht van de club. Daar heb ik totaal geen moeite mee", fertelt de Rotterdammer yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Maar de manier waarop het gegaan is, vond ik wel teleurstellend."
Ik had het zelf wel op een andere manier gedaan. Ik vond dat niet netjes.
De 43-jierrige âld-fuotballer leit út hoe't dat gong. "Het was een heel kort gesprekje van vijf minuten waarin het medegedeeld werd. Ik had het zelf wel op een andere manier gedaan. Ik vond dat niet netjes."
"Tuurlijk doet het me wat. Ik heb er vier jaar gezeten en ben elke dag op en neer gereden van Rotterdam naar Leeuwarden. Ik heb drie auto's moeten kopen", fertelt Bosschaart. Hy begûn yn 2019 tagelyk mei Henk de Jong en Sandor van der Heide.
Hy makke, as assistint en ynterim-haadtrainer, ûnderdiel út fan de beste prestaasje dy't Cambuur oait helle. Dat wie it njoggende plak yn de earedivyzje ferline seizoen. Dochs neamt Bosschaart persoanlik in oar hichtepunt fan syn tiid: "De kampioenschappen."
By sc Hearrenfean, dat njoggende stiet, is it sentimint feroare nei de 3-2 nederlaach tsjin FC Emmen. De spilers giene ûnder in grut fluitkonsert fan it fjild ôf, nei't in 2-1 foarsprong fuortjûn waard.
Ferslachjouwer Reon Boeringa fan Voetbal International sjocht dat trainer Kees van Wonderen krityk krijt. "Heerenveen is de laatste paar maanden best een labiel elftal geworden", konstatearret Boeringa.
Dêrfoar binne neffens him twa oarsaken. "Ik denk dat het voor een groot deel te maken heeft met dat het Noppert en Van Beek mist. Maar Van Wonderen is zelf ook heel veel gaan schuiven in de ploeg. Er zijn zoveel dingen veranderd waardoor het labiel is geworden."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.