Boere-organisaasjes begripe feteranen dy't flaggen wer rjocht ha wolle, mar FDF lit se hingje

Thomas Bruining fan it feteranekomitee Drachten © Omrop Fryslân
Mei it each op 4 en 5 maaie soene de omkearde flaggen dy't noch altyd op 'e kop hingje, fuorthelle wurde moatte. Dat út respekt foar feteranen en neibesteanden fan minsken dy't yn de oarloch omkaam binne.
Die oprop die ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok, mar ek bygelyks boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân op de feteranedei yn Drachten. Oer it hiele lân freegje bestjoerders om it read-wyt-blau. It is neffens harren in utering fan respekt foar de minsken dy't stilstean wolle by 4 maaie en befrijdingsdei.
Oprop om omkearde flaggen wer goed te hingjen op 4 en 5 maaie
Thomas Bruining is feteraan. Hy hat nei Bosnië útstjoerd west. Bruining is belutsen by it feteranekomitee Drachten en sjocht graach it respekt foar de Nederlânske flagge weromkommen: "As stikje respekt foar de manlju en froulju dy't stoarn binne foar ús frijheid. Sy binne weromkaam ûnder dizze flagge. It giet om eare en respekt. It giet om frijheid en demokrasy. It is ús lân."

Gjin 'fier-fan-ús-bêd-show'

Foar feteranen, neibesteanden fan militêren dy't omkaam binne, mar ek by hjoeddeistige famylje komme de omkearde flaggen hurd binnen: "It docht sear. Der binne noch hieltyd minsken dy't foar ús frijheid stride. Dat liket sa no en dan wol in 'fier-fan-ús-bêd-show', want wy hawwe it hjir sa goed. Mar yndirekt is it ek foar ús frijheid."
Deadebetinking yn de Ljouwerter Prinsetún yn 2021 © Omrop Fryslân, Willem de Vries
BBB-foaroanfrou Caroline van der Plas, boere-aksjegroep Agractie en belange-organisaasje LTO begripe de feteranen en roppe op de flaggen wer goed te hingjen.
"Wy libje yn frijheid, dat betinke we de kommende wiken wer en yn dat ljocht hawwe we der seker begryp foar om se wer om te kearen, sadat se goed hingje", seit Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder fan LTO Noord.
Neffens Kooistra hat de omkearde flagge syn wurk al dien. "As se langer hingjen bliuwe, kinst dy ek ôffreegje wat it effekt noch is. Mar it is foar de oandacht en dat begryp ik ek hiel goed. Wy soargje der as LTO ek wol foar dat it oandacht hâldt, wy stride foar de takomst fan de boeren. Boeren kinne gerêst wêze, der wurdt ferskriklik bot foar harren opkaam."
Boer Jan Teade Kooistra, regiobestjoerder fan LTO Noord © Omrop Fryslân
Kooistra seit dat it fuortheljen fan flaggen der net foar soarget dat de belangen fan boeren fergetten wurde: "Wy dogge ús bêst foar de boeren, dus ik soe se net weismite, we kinne de aksje ek altyd wer oproppe as we tinke: it freget mear oandacht."
"De ferkiezingen binne foar de boeren hiel goed útpakt. It effekt dêrfan moat noch komme. Dêr ha ik fertrouwen yn. Mar it is fansels de ferantwurdlikheid foar de boeren sels."
In omkearde Nederlânske flagge © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By Farmers Defence Force sjogge se mei mingde gefoelens nei de oprop fan politisy en feteranen. "It is noait de bedoeling om bepaalde minsken te misledigjen mei in omkearde flagge", seit Sieta van Keimpema. "Mar it is in needsinjaal. Eartiids hong de flagge ek omkeard op bygelyks skippen yn need."
Sieta van Keimpema © ANP
Neffens Van Keimpema is it gjin dwaan om alle flaggen wer goed te hingjen. "Ik fernim ek by feteranen mei wa't ik praat dat se it begripe. Wy gean foar itselde. Wy dogge in freedsum protest mei it needsinjaal. Lykas sy útstjoerd binne om te helpen. Om te striden foar de rjochten fan minsken."

'Better nei skiednis sjen'

Dy ferliking giet der by feteraan Bruining net yn: "Harren frijheidsstriid is hiel oars as ús frijheidsstriid. Wy steane foar de flagge. Dy minsken moatte better nei har skiednis sjen. It is gjin protestflagge. It is in Nederlânske flagge. In lanneflagge. Dêr moat er ek foar brûkt wurde."
"Ik snap de boeren, mar it kin ek op in oare wize. Salang't dy flaggen no sa hingje hat it gjin effekt mear. En seker op 4 en 5 maaie moatte se gewoan normaal. Dat is in stik respekt foar de jonges dy't it heechste offer jûn ha."