Oanjefte en plysje-ûndersyk nei fjochterij by VV Bûtenpost: "Ja, dat is horror"

Bûtenpost-ferdigener Edwin Schaafsma en âld-ynternasjonal Wesley Sneijder © Orange Pictures
Twa dagen nei de fjochtpartij op sportpark De Swadde yn Bûtenpost is der noch in soad ûndúdlik oer wat der krekt bard is. Feit is dat ien spiler fan Bûtenpost oanjefte dien hat en dat de plysje de saak ûndersiket.
De argewaasje ûntstie nei de wedstriid tusken VV Bûtenpost en DHSC út Utrecht, doe't dy lêste ploech ferhaal helje woe by de skiedsrjochter. Op sosjale media is yn filmkes te sjen dat ferskate manlju fan beide fuotbalklups mei-inoar yn diskusje gean, en dat hjirby ek klappen falle.
Neffens DHSC -foarsitter Harry Lulofs waard assistint-trainer Jeffrey Sneijder - de broer fan âld-Oranje-spiler Wesley Sneijder - hjirby troch in supporter fan Bûtenpost nei de grûn lutsen. "Hij had een hoofdwond en noppen in zijn been staan, daar heb ik foto's van", seit de foarsitter dêroer.
Spilers fan DHSC yn diskusje mei skiedsrjochter Robert de Wit © Orange Pictures
Oan de kant fan Bûtenpost rekke Wim de Vries ferwûne. Troch in klap op syn holle hat er in harsenskodding, in brutsen noas en skansearre tosken oprûn.
Foarsitter Paul Olijve is der moandeitemiddei noch oerémis fan. "Ien spiler fan ús lei strekt", seit er. "En fierderop lei noch ien en dy siet ûnder it bloed. Ja, dat is horror!"
Wat barde der op it fuotbalfjild fan Bûtenpost sneon?
De beide klups fertelle in folslein oar ferhaal oer wat der krekt bard is yn Bûtenpost. Neffens de Utrechtenaren soene de spilers en it publyk fan Bûtenpost begûn wêze, en soene sy allinnich mar út selsferdigening hannele hawwe.
Bûtenpost lit witte dat der hielendal gjin publyk op it fjild wie, en dat de spilers de skiedsrjochter helpe woene doe't dy te krijen hie mei lilke gasten.

Plysje-ûndersyk

Yn alle gefallen hat ien spiler fan VV Bûtenpost oanjefte dien. De plysje is yntusken ek al úteinset mei it ûndersyk en hat op sosjale media in oprop dien oan minsken dy't filmkes of foto's hawwe fan it foarfal, om dy foaral troch te stjoeren. Ek mei der anonym kontakt opnaam wurde, fia Meld Misdaad Anoniem.
Opskuor nei de wedstriid © Orange Pictures
"We nemen deze zaak heel serieus, want het gaat om een zware mishandeling", fertelde wurdfierder Cick Geers fan de plysje.
De KNVB wol op dit stuit ynhâldlik noch neat sizze oer it foarfal. "De aanklager gaat ernaar kijken, en daarna eventueel de tuchtcommissie. Pas daarna komen wij met een reactie", seit in wurdfierder fan it fuotbalbûn.