RTV NOF wer nominearre foar titel lokale omrop fan it jier

© RTV NOF
Streekomrop RTV NOF makket foar de tredde kear kâns op de titel lokale omrop fan it jier. De omrop, dy't it nijs fan Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel fersoarget, wie earder nominearre yn 2019 en 2021.
Dy twa kearen krige RTV NOF in 'earfolle fermelding'. Dat de omrop no wer by de kânshawwers heart, is neffens direkteur Sven Keizer "geweldich nijs foar al ús meiwurkers".
By de nominaasjes sjocht de NLPO (stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen) nei de stappen dy't set wurde op it mêd fan profesjonalisearring, fernijing en talintûntwikkeling. "Dizze nominaasje is it bewiis dat we op it goede paad sitte foar de takomst. Ek de gearwurking mei Omrop Fryslân hat dêroan posityf bydroegen", seit Keizer.
De Lokale Media Awards wurde op freed 9 juny útrikt yn Beeld en Geluid yn Hilversum. RTV NOF nimt it yn de kategory Omroep van het Jaar op tsjin 1Twente, Publieke Omroep Amsterdam, Omroep Venlo en Streekomroep WEEFF (West-Fryslân).