Twa Michelinstjerren: Jan Smink nijkommer, Heeren van Harinxma prolongearret

Jan Smink © Omrop Fryslân
Fryslân hat der in nije Michelinstjer by. Jan Smink hat de stjer moandei koart nei it middeisoere krigen op in gearkomste yn Amsterdam. Smink hat in restaurant yn Wolvegea.
Smink is út e skroeven mei de stjer. "Dit is waanzinnig. We hebben hier met het team in een aantal jaren naar toegewerkt. We hebben die klote coronaperiode gehad en daar zijn we goed uitgekomen. Dan is dit heel erg fijn, ongekend."
Heeren van Harinxma yn Beetstersweach wie oant no ta it iennige restaurant yn Fryslân mei in Michelinstjer. Sy behâlde harren stjer en dêrmei komt Fryslân no út op twa Michelinstjerren.
De Fryske sjef-kok Julius Nuiten, opgroeid yn Penjun en Harns, mocht ek in stjer yn ûntfangst nimme. Hy wurket by Bistro de la Mer yn Amsterdam.
De stjerren wurde takend troch de Michelingids. Se geane nei restaurants dy't fan de ynspekteurs in hege wurdearring krigen hawwe foar gastronomyske kwaliteit.