Rouferwurking op Skylge: Waadfûns jout subsydzje foar 'Walk of Grief'

In kuierpaad © Shutterstock
It is de bedoeling dat Skylge in roupaad krijt, in saneamde Walk of Grief. Dit is in kuierrûte foar minsken yn rou. It paad giet troch de natuer en by kultuerhistoaryske plakken del. It Waadfûns stelt 49.750 euro beskikber foar it projekt.
Rouwende minsken kinne op it paad in pylgertocht hâlde om rêst en stipe te finen. Neffens it Waadfûns is it Waadgebiet in hiel geskikt plak foar soks besinningstoerisme.
Om it paad oan lizze te kinnen, is in totale ynvestearring fan 99.500 euro nedich. De stichting Walk of Grief wol eigeners fan lokale Bed & Breakfasts, de tsjerkemienskip en Staatsbosbeheer by it projekt belûke.
It inisjatyf foar it roupaad komt fan Anemoon Elzinga en Arjan Berghuizen, dy't sels twa jier lyn in soan ferlearen. "We willen mensen die deelnemen een routegids aanbieden. Daar staat ook achtergrondinformatie in. En we willen een speldje of een insigne maken, zodat mensen kunnen laten zien dat ze aan het wandelen zijn, mocht men dat willen. Zo kunnen mensen elkaar herkennen en hun verhaal delen", fertelt Elzinga.
Der besteane al meardere pylgerstochten, jout Berghuizen ta. "Ook naar Santiago de Compostella bijvoorbeeld. Maar zoiets duurt maanden, terwijl je in een rouwproces daar de energie helemaal niet voor hebt. Een korte, vijfdaagse route op een eiland is een veel beter initiatief."
De rûte moat der net allinne wêze foar it ferlies fan minsken. "Het kan ook om het verlies van een baan gaan. Of het verliezen van een toekomstperspectief. Het is breder dan het verlies van dierbaren", sa beslút Elzinga.

Amelanner kofje

It roupaad is net it iennige projekt dêr't it Waadfûns yn ynvestearje sil, Sa jout it fûns in subsydzje fan 18.000 euro oan it Koffiehuys op It Amelân. Dy sil in 'beleeftuin' oanlizze wêrop't de sûkerei (cichoreiplant) teeld wurdt. Dêrfan kin kofje makke wurde, sa ûntstiet in nij streekprodukt.