De dassen binne fuort, de steuring is foarby; treinen ride wer tusken Starum en Warkum

In trein fan Arriva © ANP
Der wienen wat opstartproblemen, mar de treinen ride wer tusken Starum en Ljouwert. It treinferkear tusken Warkum en Starum lei goed in moanne stil om't dassen in boarch makke hienen ûnder it spoar by Molkwar.
Dêrtroch wie it lange tiid net mooglik om treinen ride te litten oer in part fan it trajekt.
ProRail hat de wurksumheden oan it spoar yntusken ôfrûne en dus wie der wer treinferkear mooglik. Dat kaam lykwols wol wat muoisum op gong: der wie in seinsteuring en dêrom rieden der oant 9.00 oere gjin treinen tusken Starum en Warkum. Arriva sette bussen yn.
Neffens ProRail bart it wol faker dat de seinen steure nei in perioade fan wurksumheden. De tsjinstregeling is yntusken wer opstart.