Medisynresten út it ôffalwetter hâlde: "In soad lytse stapkes meitsje in gruttenien"

Medisinen © Omrop Fryslân
Sikehûs MCL wol it brûken fan de pynstiller diclofenac ferminderje. Pasjinten dy't operearre wurde, krije tenei wat oars. Dat is better foar it oerflaktewetter.
Ut ûndersyk fan Wetterskip Fryslân docht bliken dat de biodiversiteit fersteurd wurdt troch de grutte kwantiteit oan diclofenac yn it wetter. By tsien wettersuveringsynstallaasjes binne proeven dien. Dêrút docht bliken dat de gemyske druk op it oerflaktewetter heech is.
It probleem wurdt mei feroarsake troch medisynresten. "Dat brengt schade toe aan het leven in het water", seit Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân. "Bij vissen gaat het dan bijvoorbeeld om weefselschade."
De pynstiller diclofenac is net út it oerflaktewetter te heljen
"Diclofenac is in pynstiller", seit Froucke van Gosliga, apoteker yn it MCL. "It wurket sterker as paracetamol." It is dus ek net frjemd dat diclofenac in soad brûkt wurdt yn de sikehuzen.
Ek húsdokters skriuwe it middel faak foar. It hat allinnich in grut negatyf effekt op it miljeu. It slagget se by de wettersuvering fan Wetterskip Fryslân net de stof út it wetter te krijen.

Earne begjinne

Dat is de reden dat it MCL fan it middel ôf wol. "We moatte earne begjinne", seit Froucke van Gosliga. "As der in goed alternatyf is, moatte we dat oppakke. It is in lyts stapke, mar al in begjin. Dan kinne we letter gruttere stappen sette."
It pine stiljend middel diclofenac © Omrop Fryslân
Ien fan de mooglike alternativen is it middel naproxen. "Dat is ek feiliger foar guon pasjinten", seit Van Gosliga. "Fan dat middel is no minder yn it miljeu. It kin lykwols itselde effekt ha op fisken, mar diclofenac is noch skealiker." Se hopet dat oare sikehuzen en húsdokters in foarbyld oan it MCL nimme.

Oaren ynspirearje

Dy hoop ha se ek by Wetterskip Fryslân. "Als hier een eerste stap gezet kan worden, heb je de mogelijkheid dat ook te doen bij andere medicijnen", seit Roelsma. Hy hâldt him dwaande mei de wetterkwaliteit. "Iets verwijderen bij de bron is altijd beter dan bij de zuivering. Het zou echt een mooie eerste stap zijn, dat eruit te halen."
De CT-scan fan it Antonius sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân
Ek guon kalmearringsmiddels ha in negatyf effekt op fisken. "Een bekend voorbeeld is dat prooivissen worden gekalmeerd", seit Roelsma. "Die kunnen dan heel gemakkelijk gepakt worden door de roofvissen. Dan zie je dat medicijnen een direct effect hebben op de biodiversiteit."

Pispûden

Njonken dat yn alle sikehuzen frege wurdt âlde medisinen werom te bringen nei de apoteek en net troch te spielen, wurdt ek sjoen nei it brûken fan pispûden. It giet om minsken dy't foar in CT-scan in ynfuus krije mei kontrastfloeistof.
In pispûde © Omrop Fryslân
"Dat moet het lichaam uit en dat gaat via de urine", seit Marije Verschoor, ôfdielingslieder radiology fan it Antonius sikehûs yn Snits. "Iedereen wil wel zijn steentje bijdragen aan een beter milieu. Met deze plaszakken kan dat relatief eenvoudig."
Yn de pûde sitte lytse baltsjes. Dy fange de floeistof op en meitsje der in soart gel fan. De pûde kin dan gewoan yn de grize kontener. De pûden wurde ynkoarten brûkt yn alle fjouwer Fryske sikehuzen. Se ha besletten dy mienskiplik yn te keapjen. "Het is een stapje", seit Verschoor. "Vele stapjes maken een grote."