Opskuor op Twitter nei útstjoering It Polytburo: stoarm oan reaksjes

De útspraken fraksjefoarsitter Edou Hamstra fan PvdA Fryslân yn It Polytburo hawwe op sosjale media foar in ferhit debat soarge. Dat kaam op gong nei in berjocht fan Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot (D66) op Twitter yn reaksje op dy útstjoering.
Hamstra sei yn it politike programma fan Omrop Fryslân dat 2030 as hurde deadline om de stikstofútstjit mei de helte werom te bringen foar de Fryske ôfdieling net as hillich sjoen wurdt. Ek it drukmiddel fan it ûnteigenjen fan boeren kin fan tafel, sei se. Beide ûnderwerpen binne foar de BBB in brekpunt yn de koälysje-ûnderhannelingen.
De Groot fan Wâldsein wie fernuvere oer dy útspraak fan Hamstra, sa sette er op Twitter: "Als je baantje belangrijker is dan je idealen, zal de natuur daarvoor boeten. Laat de PvdA zich herkennen aan haar gebrek aan een Groene Ruggengraat?". Dy tweet is yntusken mear as 850.000 kear besjoen en soarget foar in stoarm oan reaksjes.
Ald-minister en de eardere partijlieder fan de PvdA Lodewijk Asscher naam it foar Hamstra op. Hy reagearre op De Groot mei: "Sympathieke gozer dit. Zo enthousiasmeer je mensen voor positieve politiek!"
Chris Stoffer, dy't foar de SGP yn de Keamer sit en yn Fryslân de ferkenning foar in nij kolleezje útfierde, tinkt dat it de Fryske PvdA-ôfdieling net om de 'baantjes' te dwaan is. "De PvdA in Friesland heb ik leren kennen als een verstandige club mensen. Zij kijken naar de gemeenschap, de mensen, in plaats van naar getallen en deadlines. Echte sociaaldemocraten! En het gaat ze zeker niet om 'baantjes'", skreau hy.
Polityk ferslachjouwer Eric Ennema tinkt dat Hamstra de útspraak dien hat om te sjen hoe't it falt. "Ik tink net dat de PvdA dêr ûntefreden oer hoecht te wêzen, as je sjogge nei de reaksjes op social media."
Ennema freget him ôf hoe lang de D66-top de hurde line fan De Groot noch akseptearret. "Hy wurdt ek wol in 'splijtzwam' neamd. Je kinne je ôffreegje yn hoefier dat ferstannich is. Hy kiest foar in hurde, stânfêstige line. Oan de oare kant: as se 2030 loslitte, wat bliuwt der dan noch fan de partij oer?"
Koälysjeûnderhannelingen
De PvdA is op it stuit yn ûnderhanneling mei de BBB, CDA en ChristenUnie oer de foarming fan in nije koälysje foar it provinsjale bestjoer. Der ha no trije petearen west tusken de fjouwer partijen om ta in koälysje-akkoart op haadlinen te kommen.
De útspraken fan Hamstra yn It Polytburo binne opmerklik, om't de Fryske ôfdieling dêrmei yngiet tsjin de lanlike line fan de partij. Earder liet de PvdA syn trouwe partner GrienLinks al los.
Meidwaan oan it kolleezje is foar de PvdA no wichtiger as fêsthâlde oan GrienLinks, fynt Hamstra. "It is natuerlik wol sa, op it momint dat je meidogge, dan ha je it measte yn te bringen. Dan kinne je ek it measte antwurd wer werom jaan."