Hoe komt it Súd-Afrikaanske wynhûs Veenwouden oan syn namme?

By de Súd-Afrikaanske stêd Paarl, midden yn it wyngebiet oan de Westkaap, stiet it wynhûs Veenwouden. Dat der in relaasje wêze moat mei it Fryske doarp Feanwâlden, leit foar de hân. Mar hoe sit dat krekt?
Dat wurdt dúdlik yn in ferhaal fan histoarikus en âld-Dokkumer Douwe van der Galiën. It waard publisearre yn it magazine De Sneuper fan de histoaryske feriening Noardeast-Fryslân en hy fertelt deroer yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Van der Galiën wurket yn it deistich libben as senior meiwurker wurdearring en seleksje by it Nationaal Archief yn Den Haag. Fan jongsôf hat er al in grutte belangstelling foar Súd-Afrika. Hy studearre ûnder mear oan de universiteit fan Pretoria en kaam der yn 'e kunde mei in Súd-Afrikaanse mei wa't er koartlyn troud is.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Yn de argiven kaam Van der Galiën op it spoar fan Geale (Geele) Andrys. Dizze Fryske wâldman hat him yn de 18e iuw as kolonist fêstige yn Súd-Afrika, mar dat wie perfoarst net syn doel. Hy wie nammentlik as matroas oanmeunstere by it VOC-skip Het Huis te Assumburg.

Underweis nei Batavia rekke hy siik en skynber wie hy der behoarlik min oan ta. Op De Kaap, healweis op de rûte, krigen de VOC-skippen altyd farsk proviand oan board. Op dy post wie ek in soarte fan sikehûs en de pasjint waard dêr opnaam.
Doe't it skip wer fierder fear, wie Geale Andrys noch net better en bleau sa efter op De Kaap. Sa't we no witte, hat er Súd-Afrika nea wer ferlitten.
Van der Walt
Geale Andrys naam dêr de achternamme Van der Walt oan, wat in ferwizing is oan de Fryske Wâlden. It is in namme dy't hjoed-de-dei noch altyd in soad foarkomt yn Súd-Afrika en Namibië. Net sa gek as je witte dat er by syn ferstjerren mar leafst 86 pakesizzers hie.
Geale is der blykber yn slagge om in grut boerebedriuw op te setten, want út syn testamint docht bliken dat hy meardere pleatsen hie, in soad kij en ek ta slaaf makke minsken.
Oer dizze ûndernimmende wâldman skreau Ernst van der Walt, in neikommeling fan Geale, yn 2016 alris in skiedkundige roman: 'Teen die stormwind in'. In oare ôfstammeling begûn mei in wynhûs en joech dat de namme Veenwouden.
Histoarikus Douwe van der Galiën oer it wynhûs Veenwouden