Spiler VV Bûtenpost knock-out slein nei ôfrin fan wedstriid tsjin DHSC

VV Bûtenpost © Orange Pictures
In spiler fan VV Bûtenpost is sneontemiddei knock-out slein troch in spiler fan DHSC út Utrecht. Dat meldt RTV NOF. De wedstriid yn de fjirde divyzje rûn nei it lêste fluitsinjaal út de hân.
Nei de klap stoarmen ferskate minsken it fjild op, wêrnei't de spiler fan DHSC gau de klaaikeamer yn flechte. Hy krige letter noch wol in reade kaart fan de skiedsrjochter.
In ambulânse en de plysje kamen te plak nei it ynsidint. De spiler fan Bûtenpost is op it klupterrein behannele oan syn ferwûningen.
De plysje hat kamerabylden opfrege. De klup en spiler dogge oanjefte fan it ynsidint.
De wedstriid tusken VV Bûtenpost en DHSC einige mei 2-1 yn it foardiel fan de Fryske ploech.