Fuotgonger ferwûne nei botsing mei fytser yn Sleat

De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © BTBfotografie
In fuotgonger en in fytser binne sneontemiddei mei-inoar yn botsing kaam op de brêge oan de Rûnwei yn Sleat. Dêrby rekke de fuotgonger ferwûne.
Twa ambulânsen, de plysje en in traumahelikopter kamen te plak om help te ferlienen. Twa omstanners regelen it ferkear, om't de helptsjinsten op 'e dyk stienen.
It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.