Follybalcoach Harry van den Brink: "Sneek wordt landskampioen"

Harry van den Brink © Orange Pictures
Harry van den Brink wie eins al mei follybalpensjoen, mar alles waard oars doe't hy yn juny in telefoantsje krige út Fryslân. No stiet hy mei de follybalfroulju fan Friso Snits yn de finale om it lânskampioenskip.
"Bij alle ploegen die me belden was ik heel resoluut: Nee! Ik ga stoppen, punt", fertelt Van den Brink. "Maar toen Sneek belde, merkte ik bij mezelf dat ik verrast was. Ik heb er een weekend over nagedacht, daarna zijn we in gesprek gegaan. En binnen een week waren we eruit."
Nei fiif seizoenen trainer west te hawwen by de manlju fan EVV út Elburg, dat útkomt yn de Topdivisie, wie Van den Brink ta oan in sabbatical. Mar alles waard oars doe't hy telefoan krige út Snits wei.
Folleybalcoach Harry van den Brink is de arsjitekt achter it sukses fan Friso Snits
By Friso Snits wie de panyk útbrutsen, omdat coach Vera Koenen op it allerlêste momint opstapte. Van den Brink moast wol even neitinke op de fraach oft hy by Snits trainer wurde woe, want hy hie noch nea earder coach west fan in frouljusteam.
"Ik heb drie dochters thuis, dus ik weet wel een beetje hoe het werkt", laket Van den Brink. "Maar het is natuurlijk wel anders dan met mannen. Het belangrijkste is om gewoon jezelf te blijven en geen act op te voeren. Ik ben gewoon Harry en leg het uit op mijn manier. Bovendien ben ik redelijk empathisch, kan me goed inleven in de ander en weet wat er speelt. Die werkwijze heeft wel gewerkt."
Yn in 'best of five' searje om it kampioenskip fan Nederlân stiet Snits mei 1-0 foar tsjin VV Utrecht. De twadde wedstriid is sneontejûn om 20.00 oere yn Utrecht.
De follybalsters fan Snits binne bliid mei Van den Brink. "Hij heeft veel ervaring en blijft altijd lekker rustig", seit Lisan Siemonsma. "Op dit soort momenten hebben we dat ook nodig, want iedereen wil zo graag en zit hoog in de adrenaline. Dan is het fijn om iemand langs de kant te hebben die rustig uitlegt wat we moeten doen. Hij helpt ons hoe we met deze druk om moeten gaan."
Ik heb een gesprek met de meiden gehad en had al snel het gevoel dat er wel muziek in zat.
Harry van den Brink
Ek spylster Anlène van der Meer is posityf oer har coach. "Zonder Harry hadden we niet in de finale gestaan. Harry is gewoon Harry. Hij is super relaxed en heeft volleybalinzicht. Henriëtte (ter Steege, red.) en hij vullen elkaar heel goed aan. Het werkt gewoon goed en dat merk je nu."

Njoggen spylsters

Doe't Van den Brink begûn oan it avontoer, wie de seleksje lang net op oarder: Snits hie mar njoggen spylsters. "Ik heb een gesprek met de meiden gehad en had al snel het gevoel dat er wel muziek in zat", seit Van den Brink.
"En natuurlijk, negen speelsters is heel krap, maar op deze manier zijn we wel heel snel op elkaar ingespeeld geraakt. Ik denk dat wij de beste voorbereiding van alle ploegen hebben gehad. Al had ik niet verwacht dat we om het kampioenschap zouden spelen, maar wel dat we hoog zouden eindigen."

Opfolger

Nei in prachtich en suksesfol seizoen sil Van den Brink nei dit seizoen Snits alwer ferlitte. De wichtichste reden dêrfoar is dat hy it coachen net langer kombinearje kin mei syn wurk. De 54-jierrige Hattumer is wurksum as teamlieder op in mbû-skoalle yn Harderwyk. Erik Reitsma is fêstlein as opfolger fan Van den Brink.
Ik wil afscheid nemen met een enorme knal.
Harry van den Brink
"Ik heb in januari al aangegeven dat ik echt ga stoppen, maar ik heb toen wel gezegd dat ik afscheid wil nemen met een enorme knal. De beker is ons door de neus geboord door Utrecht, dus we hebben wat goed te maken", seit Van den Brink.
"Tijdens het seizoen heeft Utrecht een heel goede fase gehad, maar op dit moment zijn wij beter. Als je ziet hoe wij ze afgelopen woensdag in de eerste wedstrijd hebben verslagen (3-0, red.) en gezien de flow waarin we zitten. Als we dat weten vast te houden, worden we landskampioen."