Bliuwt de Iselmar ús 'reintonne' as de drûchte tanimt?

It Woudagemaal by De Lemmer © ANP
It peil fan de Iselmar en de Fryske boezem is in pear sintimeters opkrikke. Wat is hjir de reden foar? En kinne we by oanhâldende drûchte ek in berop dwaan bliuwe op de Iselmar as reintonne?
De Fryske boezem is it oansletten stelsel fan kanalen, marren en fearten. Se hat in legere wetterstân as de Iselmar, wêrmei't it yn ferbining stiet mei ynlitslûzen. As yn de simmer de ferdamping grutter is as de hoemannichte delslach, ûntstiet der in wetterfraach. De kâns dêrop nimt ta, no't wy faker mei drûge perioaden te krijen hawwe.
Beide wetterpeilen binne ferhege: de wetterstân fan de Fryske boezem giet mei 7 oant 8 sintimeter omheech nei 44 sintimeter ûnder NAP, en dy fan de Iselmar sakke dit jier net nei fierder as -15 sintimeter. Dêr't it gewoanwei sakket nei -20 sintimeter. Wêrom bart dit?

Teiwetter út Alpen

Earst de Iselmar. Dizze buffer follet de wetters fan de noardlike provinsjes oan, Noard-Hollân, Oerisel, Flevolân en in lyts part fan Gelderlân. "Het IJsselmeer wordt weer gevoed door het smeltwater vanuit het Rijnstroomgebied", fertelt Ton de Vrieze fan Rykswettersteat, de ynstânsje dy't oer it peil fan de Iselmar giet.
"Maar omdat de sneeuwval in de Alpen nu minder is dan normaal, komt daar later in de zomer ook minder water vandaan."
It gemaal yn Ryptsjerk © Daniël Hartog
De Vrieze seit dat dit troch de klimaatferoaring faker foarkomme sil. "De extremen worden groter en duren langer. Zowel de droogte, als de regenval. En dat brengt risico's met zich mee. Landbouw en natuur ondervinden problemen door droogte, en de veiligheid komt in het geding als het water vlug en hoger stijgt."
"Omdat er steeds vaker droge zomers zijn, moeten we een marge hebben. Zo behouden we een stabiele buffer en kunnen we het peilbeheer goed vormgeven. Een kwestie van goed anticiperen dus."

Fryske boezem

Dan de stiging fan de Fryske boezem. Hjir lizze ekologyske redenen oan te'n grûnslach. Om krekter te wêzen: de groei fan it reid. Dit is winske omdat reid de wâlskanten beskermet en romte biedt oan it libben ûnder wetter.
"Dy groei moatte wy sjen te stimulearjen", seit Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân, dat it peil fan de Fryske wetteren regulearret. "Einen en foaral guozzen binne sljocht op it reid. Gewoanwei kinne sy troch de nekke út te stekken krekt by de reiden. Mar op it momint dat it wetter heger komt te lizzen, en sy dus ek, wurdt dizze ôfstân te grut. Sa kreëarrest sterkere reidsônes yn dizze gebieten."
Om't der sa mear boezemlân ûnder wetter komt te stean, hat it ek in positive ynfloed op de fiskmigraasje. Dy nimt ta, lykas de grutte fan it paaigebiet en it tal wetterflieën; in mieltsje foar mannich fisksoart.
Alle dagen sjogge we foarút, om yn te skatten hokker maatregels wy nimme moatte.
Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân
De wetterstân wurdt kontrolearre troch gemalen en slûzen. Mei de ynfiering fan it nije peilbeslút yn 2018 hat Wetterskip Fryslân hjir mear mooglikheden foar. Sa kin it makliker ynspylje op de konstant feroarjende waarsomstannichheden. De bânbreedte fan it boezemwetter leit tusken de -32 en - 62 sintimeter ûnder NAP.
"Us besluten hingje altyd ôf fan it waar. Alle dagen sjogge we in wike foarút, om yn te skatten hokker maatregels we nimme moatte", sa seit Schaper.

Lange termyn

Helder is dat wy net krekt witte wat de waargoaden foar ús yn 't fet hawwe. En dat kin ferfelend wêze. Sa soarget net folle delslach yn de Alpen foar minder wetter yn de Iselmar, wat op syn beurt gefolgen hat foar it Fryske wetter. Want wat as der noch talleaze drûge simmers komme?
De Alde Feanen © ANP
"We moeten inderdaad gaan nadenken over hoe we met dat scenario omgaan", seit De Vrieze. "Het is in ieder geval zaak om het water dat we hebben, zo lang mogelijk vast te houden."
Dêr is ús wettersysteem op dit stuit lykwols net optimaal foar ynrjochte. "Veel buitendijkse gebieden zijn beschermde natuurgebieden. Bijvoorbeeld omdat er vogels aan het broeden zijn. Je zou dan meer hoger gelegen natuur moeten gaan ontwikkelen. Maar goed, dat betekent wel dat de regels moeten worden veranderd. Of we moeten extra in natuur investeren."
Misschien kunnen ze in de landbouw werken met minder water vanuit het IJsselmeer.
Ton de Vrieze, Rykswettersteat
Ek rekreaasje spilet in rol, fertelt De Vrieze. "Zo heb je bij Makkum een bungalowresort. Als het water daar stijgt, zorgt dat voor overlast. En zo zijn er meer vergelijkbare locaties."
"Een oplossing kan zijn om anders met ons watergebruik om te gaan. Denk daarbij aan de landbouw. Een grootverbruiker. Misschien kunnen ze daar werken met wat minder water", stelt De Vrieze.

Foarsjennings ûnder druk

Schaper fertelt dat Wetterskip Fryslân alle jierren goed 1 miljard kúb wetter ôffiert. "It jierlikse drinkwetterferbrûk is 10 persint fan de totale ûntlûking út de Iselmar. It is foar de partijen goed om de ferhâldingen yn byld te bringen, want de foarsjennings steane ûnder druk. Under pykfragen kin gjin garânsje mear jûn wurde."
De Vrieze beklammet dat der in oare mindset nedich is. By alle brûkers. "We verbruiken thuis veel drinkwater. Veel daarvan verdwijnt in het riool. We moeten er bijvoorbeeld eens over nadenken om voor het toiletbezoek ander water te gebruiken. Ook rioolwater zuiveren en hergebruiken is een optie."

Sângrûn as buffer

Mear buffers kreëarje is neffens him ek ien fan de mooglikheden. Lykas yn de sângrûn, as oanfolling op grûnwetter. Grutte feangreidegebieten kinne ek sa as nuttige wetterreservoirs tsjinje.
"Dat kan nadelig voor de landbouw zijn, maar het is een wapen tegen de bodemdaling en tegen CO2-uitstoot", seit De Vrieze. "Hoe dan ook, water is steeds meer een schaars goed."