FryslânDOK 'Blaasmuzyk': "Muzyk is echt myn thús"

Foar de feelgood-dokumintêre 'Blaasmuzyk' folge filmmakker Murk-Jaep van der Schaaf it Nij Talint Orkest yn de regio Boalsert. De FryslânDOK 'Blaasmuzyk' is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
FryslânDOK 'Blaasmuzyk'
Sneon 22 april NPO2 15.30 oere (werhelling 23 april 13.19 oere)
Snein 23 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Snein 23 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele

De takomst fan de HaFaBra-kultuer stiet ûnder druk. Harmonykorpsen, fanfarekorpsen en brassbands ha al jierren lêst fan in weromrinnend ledetal en muoite mei it fêsthâlden fan talintfolle jeugd.
Dream
Dat moat oars, tochten dirigint Guus Pieksma en Annewiep Bloem fan de stichting 'Mear mei Muyzk'. Mei it Nij Talint Orkest rjochtsje sy har op folwoeksenen sûnder muzikale ûnderfining, mar mei in muzikale dream; de dream om oait nochris yn in orkest te spyljen.
Troch it hiele lân binne yn twa jier tiid al santich sokke orkesten oprjochte en liket de HaFaBra-kultuer in farske ympuls te krijen troch foar it grutste part 50-plussers dy't mekoar fine yn 'e muzyk.

Filmmakker Murk-Jaep van der Schaaf folge de repetysjes yn Nijlân, dêr't dirigint Guus Pieksma it Nij Talint Orkest mei in soad entûsjasme, geduld en humor liedt. Hy stimulearret de leden. "It belangrykst is: moatst der plezier oan hawwe, de rest komt wol."
"Probearje wol dy fentilen yn te drukken, dan klinkt it echt leuker", seit er. En tusken it spyljen troch fertelt er de iene nei de oare anekdoate lykas dat guon sa fanatyk binne dat se sels op bêd oefenje. Oaren nimme it ynstrumint mei yn de auto. "As se fiif minuten foar it stopljocht wachtsje moatte, giet de koffer iepen en komt it ynstrumint derút. Dan sitte se wat te spyljen om dy fingers mar op it ynstrumint te krijen."
Ferbining
Muzyk spilet in belangrike rol yn it libben fan de leden fan it Nij Talint Orkest. Filmmakker Murk-Jaep van der Schaaf folge fiif fan har by de oefensesjes. It smyt in ûntwapenjend byld op fan minsken dy't harsels op lettere leeftiid mei de nedige selsspot foar de liuwen goaie. Mar achter dy humor en wille skûlet ek in djipper ferlet nei ferbining mei oaren en it uterjen fan gefoelens.
De sjogger wurdt dielgenoat fan grappige, yntime en oandwaanlike mominten út it libben fan de orkestleden.

Grytsje is bussjauffeur op de Fietsbus op de Ofslútdyk. Se wurdt bliid fan muzyk, dy leafde hat se fan har mem krigen dy't oargelspile. Yn it orkest spilet se althoarn. "Ik hie noch noait in ynstrumint yn hannen hân. It joech my echt in kick, foaral de earste kear dat der lucht út sa'n apparaat kaam." Muzyk biedt treast en helpt har by de rouferwurking.
Treast
Nel leart it klokkespul te bespyljen. "Ik fyn it skitterjend, mar wol hiel dreech." Se soe eins allinne hinne, mar har man Simon woe ek mei. Hy spilet tromboane. Boer Nammen spilet dwersfluit. Foar him jout muzyk treast. "Muzyk is der foar dy, ek ast yn de put sitst."

Marieke is in allinnesteande mem mei trije bern, wêrfan twa ekstra soarch nedich hawwe. "Ik wist soms niet meer waar ik mijn positiviteit vandaan moest halen." En dat waard muzyk. By de famyje dêr't se skjinmakket seinen se dat se dwersfluit leare soe. "En dat klonk me als muziek in de oren. Muziek is echt mijn thuis."
Murk van der Schaaf oer syn dokumintêre 'Blaasmuzyk'
Wêr't de ien him troch it muzykmeitsjen einlik sjoen en heard fielt, is it foar de oar krekt it middel om oaren in hân op it skouder te lizzen. De HaFaBra-kultuer yn ús mienskip is noch altyd fan grutte wearde.
En dus sette de nije talinten, ûnder lieding fan de besiele dirigint, repetysje op repetysje troch. Mar slagget it om al nei tsien wiken in konsert te jaan?
