PvdA Fryslân lit 2030 foar stikstofreduksje los: "Dat jiertal hoecht net foar ús"

It jier 2030 as hurde deadline om de stikstofútstjit mei de helte werom te bringen, is foar de Fryske PvdA net hillich. Ek it drukmiddel fan it ûnteigenjen fan boeren kin fan tafel, seit fraksjefoarsitter Edou Hamstra fan de PvdA.
Beide saken binne brekpunten foar BoerBurgerBeweging, de partij dêr't de sosjaaldemokraten op it stuit mei ûnderhannelje foar in nij provinsjaal kolleezje. Ek CDA en ChristenUnie dogge mei oan de ûnderhannelingen. Der ha no trije petearen west tusken de fjouwer partijen om ta in koälysje-akkoart op haadlinen te kommen.
In akkoart is der lykwols noch net. It stikstofdossier is it meast yngewikkelde ûnderwerp yn de formaasje, jout Hamstra ta. Dochs hat se goeie hoop dat in nij kolleezje der ein juny wêze kin.
Lânbou en natuer binne foar Edou Hamstra de spannendste ûnderwerpen yn de koälysjeûnderhannelingen
De spannendste ûnderwerpen foar Hamstra binne natuer en lânbou. "Dêr stean we it fierst fuort by de BBB. We ha ek wol oerienkomsten, mar dêr sille we it langst oer ûnderhannelje moatte."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Edou Hamstra.
Mei it loslitten fan 2030 foar de stikstofreduksje, giet de Fryske ôfdieling fan de Partij van de Arbeid yn tsjin de lanlike line fan de partij.
"Dat jiertal hoecht net foar ús. Wy fine dat soms ek blokkearjen, mar we wolle wol gau los. We wolle oan 'e slach en it leafst ek safolle mooglik dwaan", seit Hamstra. "Dat is it alderbelangrykste. Dan binne we yn ien gebiet miskien klear yn 2028 en yn in oar yn 2032."
Leveret PvdA Fryslân tefolle yn om mei BBB yn it kolleezje te sitten?
De BBB hat fjirtjin sitten en de PvdA hat der fiif behelle by de provinsjale steateferkiezingen. Krityk fan leden dat de PvdA tefolle ynleverje soe by de koälysjeûnderhannelingen, is neffens Hamstra net terjochte.
"Mei de BBB, de ChristenUnie en it CDA is de situaasje net per se oars as fjouwer jier lyn, en der binne sels miskien wol mear kânsen op sosjaal gebiet. Ek by de BBB sjogge we mooglikheden foar it struktureel beteljen fan boeren foar tsjinsten as bygelyks natuerbehear."
We ha net in ôfspraak makke om inoar perfoarst fêst te hâlden.
In oar punt fan ferskil tusken de Fryske en de lanlike PvdA is de gearwurking mei GrienLinks. "Lanlik ha we sein dat we tegearre ien fraksje foarmje sille", seit Hamstra. "Yn Fryslân ha we sein dat we it leafst mei-inoar in koälysje wolle. Dat is ek sa, mar de situaasje wie wol oars. We ha net in ôfspraak makke om inoar perfoarst fêst te hâlden."
Neffens Hamstra soe dat ek net goed wêze. "Ast sa'n grut machtsblok hast, mei sa'n partij. En der wienen safolle oare opsjes. As je as partij dan wol oan it stjoer sitte en as twadde partij je ferantwurdlikheid nimme kinne, dan moatte je dat dwaan."
Edou Hamstra oer de gearwurking mei GrienLinks
Meidwaan oan it kolleezje is foar de PvdA no wichtiger as fêsthâlde oan GrienLinks, fynt Hamstra. "It is natuerlik wol sa, op it momint dat je meidogge, dan ha je it measte yn te bringen. Dan kinne je ek it measte antwurd wer werom jaan."
Dochs hâldt foar Hamstra de gearwurking tusken de beide partijen net op. "As wy aanst in haadline-akkoart ha, dan kinne jim bêst ferwachtsje dat GrienLinks en PvdA noch faak genôch gearwurkje."
