Lang om let wer ite yn de sinne, foar moslims is de ramadan oer en it feest begûn

It fêstjen sit derop foar moslims. Nei 29 dagen is der freed in ein kaam oan de ramadan. Moslims fiere dit mei it ramadanfeest, ek wol bekend as it Sûkerfeest. Sa ek op It Hearrenfean, dêr't de moanne op in oar plak ôfsletten wurdt as oars.
"Wy kinne hjir moai in baltsje traapje", seit foarsitter fan de Marrokaansk-islamityske moskee op It Hearrenfean, Slimane Elhilmi. "Wy sitte no yn in sporthal omdat de moskee gewoan te lyts is. Der kamen in hiel soad minsken op ôf. Dit is in goed plak om it gebed yn goede banen te lieden."
It ramadanfeest op it Hearrenfean
De dei begûn al om 08.00 oere mei in gebed ûnder lieding fan de imam. In grutte groep minsken kaam binnen mei harren gebedskleed "Ik sjoch om my hinne in hiel soad kultueren. Fan Somaliërs oant Syriërs. Elkenien libbet yn harmony, dat is prachtich om te sjen", seit Elhilmi.

De tafel leit fol mei swietichheden dy't tegearre opiten wurde. "Het is erg leuk. Iedereen komt bij elkaar en gaat lekker koken. Het is heel gezellig" seit Samira. Sy is mei in soad freondinnen ôfkaam op de festiviteit. "Je merkt dat iedereen meer bezig is met het geloof."
Moanne
Tongersdeitejûn wie pas dúdlik dat hjir hjoed it Sûkerfeest fierd wurde soe. De Marokkaanske moslimmienskip, wêrûnder de moskee op It Hearrenfean, hâldt nammentlik de stân fan de moanne oan om te sjen wannear't de hillige moanne klear is. Dêrfoar moat der earst in heale moanne (maansikkel) sichtber wêze. Dy wie juster by it opkommen fan de moanne te sjen, en dus: Sûkerfeest.
As de sinne opkomt, betsjut dat dat de hillige moanne ôfrûn is. It fêstjen wurdt ferbrutsen mei in gebed. Dêrnei giet de mienskip mei-inoar oan de kofje en de swietichheden. De ramadanperioade duorret ûngefear in moanne, wêryn't minsken mei deiljocht net ite of drinke meie. Ek meie moslims yn dizze perioade gjin seks hawwe.
"It is goed om te sjen dat it hjir sa drok is. Der binne ek in hiel soad Nederlânske minsken dy't har bekeare. Eltsenien is altyd wolkom by ús foar in hapke en drankje, bûten de ramadan om ek fansels", seit Elhimi. Mosa docht foar it earst mei oan de ramadan, neidat se har dit jier bekeare litten hat. "Het vasten vond ik lastig omdat ik dus nog geen ervaring heb", seit se.
Ramadanfeest
Neffens Elhimi soe de namme fan it feest wolris op de skop gean kinne. Sûkerfeest dekt net de lading neffens him. "In hiel soad minsken assosjearje it mei sûker, mar dat is it net echt. Eid-al-Fitr is de echte beneaming dêrfoar, it betsjut ein fan de fêstmoanne. En fansels hearre dêr wat hapkes en drankjes by."