Nei jierrenlange striid hat gymseal Stadsfenne wer takomst: "Dit is wat we wilden"

Muzykferiening Advendo iepene de sporthal mei feestmuzyk © Omrop Fryslân
Mei in feestlik optreden fan muzykferiening Advendo, in judodemonstraasje, in soad slingers en in wethâlder dy't in iepeningshanneling dwaan moast, is freed de fernijde gymseal Stadsfenne yn Snits op 'e nij iepene.
Tsientallen strânballen moasten troch it publyk troch in ring smiten wurde. Dy ring waard fêstholden troch wethâlder Bauke Dam, wylst hy op in stellaazje stie.

Fan trampoline oant ballen

De gymseal hat de ôfrûne tiid in grutte ûnderhâldsbeurt hân, en dat is te sjen. De skilders hawwe gjin muorre yn it gebou oerslein. Yn it each springe de gymtastellen, lykas in trampoline, in bok en in stik as tweintich ballen, dy't troch de gemeente betelle binne.
Fierder leit der in nije sportflier en troch de flierferwaarming derûnder is it ek yn de winter prima út te hâlden.
Wethâlder Bauke Dam mei in hoep yn de hannen © Omrop Fryslân
Ien fan de minsken dy't har bot ynset hat foar it behâld fan de seal is Janneke Arntzen. "Ik ben heel blij. Dit is een bekroning op het werk van afgelopen jaren. Het is mooi dat we de zaal nu kunnen openen zodat verenigingen en scholen er gebruik van kunnen maken."
"Ik denk dat we dit voor ogen hadden toen we begonnen met onze actie om de zaal te behouden", seit Arntzen grutsk. "Gaandeweg het proces zijn er wel momenten geweest waarop we dachten: 'gaat het wel lukken, moeten we het niet opgeven?', maar dit is een prachtige uitkomst en eigenlijk precies wat we wilden."

Lange foarskiednis

De kwestje hat in lange foarskiednis. Jierren lyn wiene der plannen foar in folslein nije sportakkommodaasje op it terrein fan fuotbalklup LSC. Dêr soe ek in sportseal komme dêr't skoallen yn de buert har gymlessen jaan koene. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat úteinlik in streek troch dat plan set.
De nije seal © Omrop Fryslân
Yn ôfwachting fan de nijbouplannen hie skoalkoepel Palludara, dêr't de Simon Havingaskoalle ûnder falt, it ûnderhâld fan de gymseal by de skoalle wat gewurde litten. Tagelyk spile foar Palludara it probleem dat dy de gymseal net rendabel eksploitearje koe.

Ferâldere tastân

De seal drukte te swier op it budzjet fan de skoalkoepel. Yn oerlis mei de gemeente waard besletten ta sloop fan de seal. Arguminten fan beide partijen wiene de ferâldere tastân fan de seal en de oerkapasiteit fan sportsealen yn de gemeente. De skoalle koe romte krije yn in oare gymseal op likernôch in kilometer ôfstân.
Alden kamen yn ferset tsjin dat foarnimmen. Se fielden har yn it eardere trajekt net goed op 'e hichte hâlden en dit nije plan kaam har oer it mad. Oerlis mei skoalkoepel en gemeente smiet in pear kear útstel fan de sloopplannen op. Fan útstel is dus úteinlik ôfstel kaam.

Judo, karate en follybal

Der binne al in soad ferienings aktyf yn de seal. Sa brûke ûnder oare in karateskoalle, in judoskoalle, boksers en follyballers de romte. Neist sport sil ek muzykferiening Advendo der oefenje en ek de twa skoallen yn de wyk binne der te finen.
Het was doodzonde dat we hier moesten stoppen in eerste instantie.
Judodosint Dries Poelstra oer sporthal Stadsfenne
Wylst belangstellenden in rûntsje rinne kinne troch de seal, leit der yn it midden in judomat. Dries Poelstra is dêr dwaande mei in proefles, tegearre mei wat bern. "Ik had hier heel wat groepen te judoën toen bekend werd dat het hier gesloopt moest worden."
Poelstra is dan ek bliid dat hy wer judoles oanbiede kin yn de wyk: "Het was doodzonde dat we hier moesten stoppen. Ik heb al die groepen moeten verplaatsen naar andere sporthallen, dus ik hoop dat ik nu hier ook weer wat meer judotrainingen aan kan bieden."
Judoka Dries Poelstra mei in demonstraasje foar it publyk © Omrop Fryslân
"Wy meitsje as gemeente in soad ôfwagings, foar de hiele mienskip. Alles kostet jild en dus like it derop dat dizze foarsjenning kaam te ferfallen", fertelt wethâlder Bauke Dam nei it iepenjen fan de sporthal. "Mar eins bin ik as wethâlder wol grutsk dat der út dyselde mienskip wei oantoand is dat dizze seal in grutte mearwearde ha kin foar de skoalle en de folsleine wyk."
De gemeente hat it behear foarearst op him naam, mar wol graach dat in stichting dat yn de rin fan de tiid oernimt.