Managers en ûndernimmers stappe de boksring wer yn foar bern mei hertproblemen

De earste edysje fan it 'Knokken met je hart' boksgala © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It boksgala sil foar de tredde kear los yn Ljouwert. Managers en ûndernimmers hawwe bot traind om fit te wêzen foar dizze dei en jild op te heljen foar Stichting Hartekind. It evenemint is groeid en lûkt yntusken mear as 900 minsken.
Oprjochter Bauke Lodewijk is bot oan it tarieden foar de grutte jûn. Twintich boksers, sûnder wedstriidûnderfining stappe freedtejûn de ring yn. "Dat binne minsken dy't ûnderfining hawwe mei it goede doel mar ek minsken dy't dat hielendal net hawwe."
Sels sette er it evenemint op om't syn soantsje Luc op in leeftyd fan fjouwer moannen in hertoperaasje ûndergien moast. "It doel is ek om in grut berik te hawwen, sa dat minsken witte dat it noch altyd in hiel grut probleem is, it is 'kindkiller' nûmer ien."

Klappen útdiele

De dielnimmers moasten dan ek wol wat oer hawwe foar de ûnderfining. Fjouwer en in heale moanne binne sy oan it trainen west. "Ik tink dat der net ien is dy't seit, dit fûl my ta. Sy moasten somtiden 4, 5, 6 kear traine en op it iten lette. Elts rint ek wer tsjin oare dingen oan: de ien fynt it dreech om klappen te krijen, de oar hat muoite om in tik te jaan. Je komme je sels wol tsjin yn dit projekt."
Eltse bokser moat in bydrage ynlizze en kin har sponsorje litte en sa jild ophelje. Oant no ta is der sa'n 80 000 euro ophelle.
Mei Luc giet it yntusken goed. "Hy is no hartstikke sûn, wy hawwe in hiel soad gelok hân en hoopje dat wy mei dit evenemint mear minsken foarsjen kinne fan gelok troch better ûndersyk."