GGD Fryslân: faksinaasje tsjin tikefirus yn Nederlân net nedich

© Shutterstock.com (Gabor Tinz)
In tikefirus dat harsenfluesûntstekking feroarsaakje kin komt stadichoan mear yn Nederlân foar. Nei oanlieding dêrfan krige GGD Fryslân mear telefoantsjes mei fragen dêroer. Mar in faksinaasje is neffens dokters yn Nederlân net nedich. "Probeer te voorkomen gebeten te worden."
Arts-ynfeksjesykten fan GGD Fryslân Ivar van Dijk jout oan dat de faksinaasje (FSME) tsjin it 'teken-encefalitis' yn ús lân (noch) net nedich is. It firus komt al langer en mear foar yn Midden- en Oast-Europa, reizgers nei dy gebieten kinne al wol in faksinaasje krije.
"Van die groep mensen krijgen we ook vooral telefoontjes, mensen die voor langere tijd naar Noord-Zweden of bijvoorbeeld Tsjechië gaan, soms is dat goed om te doen, soms is dat ook niet nodig." In faksinaasje soe yn dit gefal handich wêze om't it firus yn relatyf koarte tiid oerdroegen wurde kin.

Oars as sykte fan Lyme

"Dat is ook een groot verschil met de ziekte van Lyme. Het wordt vrij snel na de beet overgedragen, snel verwijderen heeft dan niet veel zin zoals bij Lyme wel het geval is. Daarom is het belangrijk dat je voorkomt gebeten te worden." In oar ferskil mei de sykte fan Lyme is dat it gjin baktearje is, en dêrom ek net mei antibioatika bestriden wurde kin.
In grut diel fan de minsken krijt gjin lest fan in ynfeksje. Guon wurde der siik fan en yn hiel seldsume gefallen kinne je der oan deagien. "Het hangt ook een beetje van je gezondheid af hoe het kan verlopen."
It firus komt hjir lykwols op sa'n lytse skaal foar dat in faksinaasje net nedich is neffens Van Dijk.