Earbetoan oan komponist Hindrik van der Meer: "Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden"

Hindrik van der Meer © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Eare wa eare takomt, fine se by Tresoar yn Ljouwert. Dêrom waarden tongersdei de skynwerpers set op muzikant, tekstskriuwer en komponist Hindrik van der Meer. Hy waard yn 1938 berne yn Bantegea en groeide út ta in ferbiner en fernijer yn de Fryske literatuer en muzyk.
Yn Tresoar wiene op in sympoasium moaie wurden foar Hindrik van der Meer. "Hy is ien fan de grutte ferbiners yn de Fryske kultuer. Fan hege kultuer nei folkskultuer, fan tekst nei byld. Boppedat wie hy in fernijer at je sjogge nei de tsjerke- en bernelieten. Sa ien as Hindrik binne der net in protte fan", waard der sein.
Van der Meer groeide op yn in muzikale boerehúshâlding. Hy folge de kristlike kweekskoalle yn Snits. Dêr waard hy letter yn 1970 learaar muzyk.

Fryske berneferskes

As muzyklearaar oan in oplieding foar ûnderwizers murk Van der Meer dat der net folle eigentiidske Fryske berneferskes wiene. Hy foarseach yn dat ferlet troch sels ferskes te skriuwen en op muzyk te setten.
Hy hat noed oer dat it hieltyd minder wurdt, sei hy tongersdei. "Dêr meitsje ik my soargen oer. Op skoallen wurdt der hast net mear songen, wylst dat tige wichtich is. Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden."
Hindrik van der Meer mei syn dochter Rinske © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hindrik van der Meer wol minsken mei ferskillende achtergrûnen op ûntspannen wize yn kontakt bringe mei de Fryske taal. Bert Looper fan Tresoar seit dat hy dêryn tige slagge is. "Hy hat in protte minsken waarm makke foar de Fryske taal. Syn lieten binne dragers fan dy taal".
'Ambassadeur' wêze foar it Frysk, dat fielt Van der Meer ek as in opdracht en dêr betocht er ferskate inisjativen foar, lykas 'kryst-speel-ins' en literêre busreizen. De earste busreis wie yn 1990, yn it ramt fan it Frysk Festival.
Mei syn frou hat er de tochten 15 jier dien, sa'n 12 bustochten yn 't jier en sa 7.000 minsken yn 'e kunde brocht mei it Fryske lânskip, skriuwers, dichters en muzikanten.