Pillen, poeier en 9.000 euro kontant: plysje hellet hûs yn Grou leech

© Shutterstock.com (Valerii__Dex)
By in ynfal yn in hûs yn Grou hat de plysje flink wat drugs en mear as 9.000 euro oan kontant jild fûn. In 23-jierrige ynwenner fan de gemeente Ljouwert is oanholden.
Der wiene troch de wykagint en fia Meld Misdaad Anoniem meldingen dien fan de situaasje. Dêrom hat in spesjale yntervinsjegroep fan de plysje tongersdeitemoarn betiid in ynfal dien yn it hûs oan De Vlet yn Grou.
De fertochte joech ta dat der drugs yn it hûs leine. It gie om hast 70 xtc-pillen, mear as 75 pûdsjes MDMA, mear as 26 pûdsjes 3MMC, acht pûdsjes amfetamine en 50 packs mei kokaïne. Dêrneist trof de plysje ek mear as 9.000 euro kontant jild oan.
De plysje hat alles yn beslach naam. De fertochte is ynsletten en de plysje jout oan dat it ûndersyk yn folle gong is.