19-jierrige frou besiket hasj de Ljouwerter finzenis yn te smokkeljen

Yn de finzenis fan Ljouwert is in 19-jierrige frou fan Zoetermeer oanholden. Sy besocht goed 30 gram hasj nei binnen te smokkeljen.
In drugshûn yn de PI Ljouwert sloech tongersdeitemoarn oan op de frou. De frou is fuortendaalks oanholden en der is in proses-ferbaal opmakke.
It is net de earste kear dat minsken besykje drugs de finzenis yn te krijen. Yn maart ferline jier dropte in Ljouwerter xtc, hasj en in mobile telefoan op it binnenplak mei in drone. Ek yn 2021 en 2020 wiene der oanhâldingen. Yn 2020 gie it om in man fan Meppel dy't 20 gram hasj yn 'e klean ferburgen hie.