Minister Wiersma gie tekear tsjin amtners: "Soms te veeleisend geweest"

Minister Dennis Wiersma © ANP
Minister Dennis Wiersma foar Primêr en Fuortset Underwiis hat him skuldich makke oan gedrach dat net talitber is. Hy gie yn syn earste jier as in razende tekear tsjin amtners, sa is bekend wurden.
Amtners hawwe har ferhaal anonym oan De Telegraaf ferteld. De 37-jierrige Wiersma, hikke en tein yn Frjentsjer, erkent dat er te fier gien is.
Hy hat tsjin meiwurkers raasd, mei doarren slein en minsken ûnder druk set. Dêrtroch soene ferskate meiwurkers opstapt wêze, fertelle amtners oan de krante.

"Te skerp en te fel"

Wiersma hat fia syn wurdfierder witte litten dat er "te veeleisend, te scherp en soms te fel is geweest." Mar Wiersma soe der wol fan leard hawwe. "De minister is op eigen initiatief eind vorig jaar met de organisatie in gesprek gegaan", ferklearret de wurdfierder. "Hier zijn goede en leerzame gesprekken uit ontstaan en met die gesprekken blijft de minister ook doorgaan."
Wiersma en syn partij de VVD fine opstappe net nedich. "Natuurlijk wil ik door", seit de minister. Wol baalt hy dat er te fier gien is en seit syn best dien te hawwen syn gedrach te ferbetterjen.

Petearen west

Wiersma soarge derfoar dat ferskate minsken yn triennen rekken. It soe benammen yn 'e begjintiid fan de minister bard wêze, yntusken hawwe der petearen tusken de minister, liedingjaanden en meiwurkers west.
Yn de hjerst fan ôfrûne jier soe der oan it hâlden en dragen fan Wiersma in ein kaam wêze, doe't it ûnderwerp ek yn it nijs kaam troch ûnder oare misstannen by it programma De Wereld Draait Door.
De binne gjin formele klachten tsjin Wiersma yntsjinne. Op it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip binne yn grutter ferbân wol mear meldingen dien fan net-winske gedrach en fersteurde arbeidsferhâldingen.