Tweintigers in jier yn de gemeenteried: "We zijn nog niet vastgeroest"

Rienk Schootstra © Omrop Fryslân
Jesse Looijenga (20) en Rienk Schootstra (22). Beiden binne krekt de tweintich passearre en sitte no in jier yn de gemeenteried. Dy kombinaasje leit net foar de hân, mar dizze manlju wolle wat betsjutte foar de mienskip.
Rienk Schootstra studearret yn Wageningen, dêr't er ek foar in part wennet. Mar hy komt út Bûtenpost en sit ek foar CDA Achtkarspelen yn de gemeenteried. It befalt him poerbêst, hy kin op it fytske nei de riedseal.
"Tot nu toe is het een hele leuke ervaring", sa fynt er. "Met de fractiegenoten ben ik goed opgevangen en geïnstrueerd om aan de slag te kunnen. We hebben nu een jaar achter de rug."
Jesse Looijenga en Rienk Schootstra leare in soad as jonge riedsleden
Schootstra wie út himsels al polityk belutsen. "Ik ben lid geworden van het CDA na de landelijke verkiezingen. Toen heeft de huidige wethouder Jouke Spoelstra mij benaderd. Ik mocht een keer meelopen."
Om't er op dat stuit yn Zweden siet, moast dat wol online. "Maar het was de coronatijd, dus dat kon ook mooi. Ik liep een jaar mee, ik kreeg het vertrouwen van het bestuur om op plek drie te komen. We haalden zes zetels en nu zit ik al een jaar in de raad. Zo is het gelopen, in een nutshell."
Jesse Looijenga © Omrop Fryslân
Ek Jesse Looijenga fan Burgum kombinearret it riedswurk foar BVNL mei skoalwurk. Hy docht hbo technyske bedriuwskunde yn Ljouwert en rint ek noch staazje. Dêrby komme dan nochris de riedsgearkomsten. "It binne somtiden wol lange dagen", jout hy ta. "Dat moatte je der foar oer hawwe. Mar as je dêr in wei yn fine en it kombinearje, dan is dat moai."

Fan fine nei dwaan

Oare studinten sjogge him wolris nuver oan, dat er yn de gemeentepolityk sit. "Sy fine it dochs wol apart. Mar as ik fertel wêrom't ik begûn bin, dan snappe sy it wol. It is mei in reden: je kinne in soad fine, mar je moatte der ek wat oan dwaan."
Schootstra docht syn ferhaal foar de ried © Omrop Fryslân
Foar Schootstra jildt dat er in bytsje útdaging ek wol leuk fynt. "Er komen altijd weer andere problemen op je pad. Het is heel gevarieerd. Dat maakt het leuk, er komt van alles aanvliegen. Ik vind het misschien wel leuker dan ik van tevoren had gedacht."

Skoalwurk, dat is pas maklik

Dat it riedswurk freget om amtlike en somtiden drûge stikken troch te nimmen, dat heart der neffens Looijenga gewoan by. "Dêr hawwe je foar tekene. It helpt my by it skoalwurk ek wol. Gewoanwei tocht ik: skoalwurk is dreech. Mar no is dat goed te dwaan."
"In het begin was het ook echt wel spannend", fertelt Schootstra. Benammen as er in ferhaal hâlde moast of oare riedsleden krityske fragen foarlizze woe. "Om dan op te staan als jongste raadslid tegenover de wat oudere mensen, dan is dat wel wat spannender dan een presentatie op school."

Noch net fêstrustke

Yntusken draait er de hân der net mear foar om. Want it hat ek syn foardielen, sa is er fan betinken. "Wij hebben als jongeren misschien wel een wat opener blik. We zijn nog niet vastgeroest in onze standpunten en zijn daar misschien wat speelser in. We kunnen misschien de ogen openen van andere raadsleden."
It is goed dat der wat jongerein yn de ried sit, fynt Looijenga © Omrop Fryslân
"Je moatte posityf bliuwe en de moaie dingen sjen bliuwe", fynt syn kollega yn Tytsjerksteradiel. "Ek jongelju binne it net altyd mei-inoar iens. De ien sjocht mear nei miljeu, de oar sjocht mear nei sinten. Je kinne net elts tefreden stelle. Mar mei-inoar besykje wy der wat fan te meitsjen."
Wat mear jongerein yn de gemeentepolityk, dat is wol goed foar it ferskaat. Schootstra ropt jongelju dêrom ek op om yn 'e kunde te kommen mei de polityk. "Vind je een partij interessant, benader ze en ga eens kijken wat het inhoudt en of je het leuk vindt."