Regionale wendeal ûndertekene: Fryslân krijt der 17.500 hûzen by

De regionale wendeal is yn Harns ûndertekene © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Provinsje Fryslân, de Fryske gemeenten en it Ryk ha tongersdei yn Harns de regionale wendeal ûndertekene. Oant en mei 2030 moatte der 17.500 hûzen by komme yn Fryslân.
Foar it ûndertekenjen fan de wendeal kaam minister Hugo de Jonge fan Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering nei Harns. Hy sette mei deputearre Klaas Fokkinga en wethâlders fan de Fryske gemeenten in hantekening ûnder it projekt.
Der is driuwend ferlet fan wenten yn Fryslân. De wachtrigen foar in hûs binne lang en de prizen heech. De wendeal moat derfoar soargje dat der in ein komt oan de lange wachtlisten. It Ryk sil lytsere projekten mei subsydzjes stypje.

Te let

It binne stappen dy't set wurde, mar foar de jongeren fan no is it eins te let. Sy wachtsje al lang op in hûs. "Het is eigenlijk tien jaar te laat", seit De Jonge. "Maar het tweede beste moment om dat te doen is nu. We willen nu stappen zetten en zo snel mogelijk al die woningen realiseren."
It Ryk makket mei alle provinsjes wendeals. Fryslân is de lêste provinsje. "Dat betekent niet dat Friezen niet willen. Ze willen het juist goed doen. Dat is nu belangrijk."
Minister Hugo de Jonge yn Harns foar de ûndertekening fan de wendeal
Dochs is de krityk dat it te lang duorret en dat de prizen heech binne. Modale starters kinne gemiddeld in hypoteek oant 200.000 euro krije. In nij hûs keapje, begjint pas by dat bedrach.
"Wy wolle no dus ek echt sjen dat wy foar de starters bouwe kinne", seit skiedend deputearre Fokkinga. "Mar der binne ek oare groepen yn ús mienskip dy't in hûs brûke kinne. Bygelyks âlderen dy't lytser wenje wolle, mar dat net kinne. Dêr moatte wy ek foar bouwe. Wy ha dus alles yn prosinten ferdield en sille sjen wêr't it measte ferlet fan is."

Mear stappen sette

Foar de gemeenten is de regiodeal wichtich. Sy kinne no sûnder te folle regels en fergunningen oan 'e gong. De oanfragen by provinsjes en it Ryk binne makliker te dwaan.
"Onze minister wil in elk dorpje een straatje erbij", seit wethâlder Erik de Groot fan Harns út namme fan alle Fryske gemeenten. "Als zij de noodzaak ook zien, dan kunnen we veel meer stappen zetten. Het is nu tijd om te bouwen en de leefbaarheid in de gemeente hoog te houden."