Gitaren, jungle en it klasselokaal: de libbenswei fan Woody Brunings

Yn 1959 begûn hy mei de band The Crazy Rockers. Snein stiet Woody Brunings (85) mei deselde band, mar wol yn in oare formaasje, op de planken yn Het Bolwerk yn Snits. Yn tuskentiid is der in soad bard.
It wie by de opkomst fan de rock-'n-roll doe't Woody Brunings út Snits in band foarme. By The Crazy Rockers pakte hy de gitaar op en gie oan de slach. It wie doe allegearre noch wat houtsje-toutsje, seit Brunings.

De entree fan rock-'n-roll

"We speelden drie akkoorden, waarvan er twee fout waren. En toch klonk het wel goed. Het was ook nieuw." It wie ein jierren '50. In perioade dêr't foaral dixieland- en big bands de tsjinst útmakken. Oant rock-'n-roll op 'e doar bûke.
"Elvis Presley maakte in dat genre de meeste indruk op me. Die gingen we ook spelen toen we begonnen met optreden", fertelt Brunings. Nei't de baantsjes en skoalle opsein wiene, gong The Crazy Rockers nei Dútslân.
"De Duitsers waren Engelse muziek ook helemaal niet gewend. Dat is voortgekomen uit de Tweede Wereldoorlog. Toen er alleen Duitse teksten klonken. Het schijnt dat je in de naoorlogse jaren alleen op de kermis wel eens Engelse muziek hoorde. Maar dat was het wel."
Een Amerikaan zei: 'You sound like Elvis, but the lyrics are fucking wrong!', haha.
Woody Brunings
Eartiids spile de band allinnich covers. It Ingelsk wie allinnich noch wat rustich, seit Brunings. "Je kon toen ook nauwelijks begrijpen wat de bands die je coverde eigenlijk zongen. De teksten kon je niet opzoeken, dus je moest die platen heel vaak draaien. Maar dan nog. En Elvis kon je helemaal slecht verstaan", seit er.
"Er is wel eens een Amerikaan naar me toe gelopen na het concert. Hij zei: 'You sound like Elvis, but the lyrics are fucking wrong!' haha."

Strakke pakken foar breidene festjes

Brunings en syn kompanjons hiene de smaak te pakken. Jierren efterinoar giene se op toer. Benammen yn Dútslân en Skandinavië. It tal akkoarden naam ta, en de breidene festjes fan beppe dêr't se yn opkamen, waarden ynruile foar strakke pakken. De band timmere dizze perioade flink oan 'e wei.
Woody Brunings waard berne op Saba, in eilân yn it Karibysk gebiet, en groeide op yn Suriname. Yn 1953 stapte er allinnich op de boat nei Nederlân. "Ze zeiden dat ik goed kon leren. Ik ben dus voor het onderwijs hiernaartoe gegaan, want hogere scholen had je in Suriname niet."

De jungle yn

Lykwols, nei de middelbere skoalle gie er it leger yn. Tsjin syn sin, mar in kar wie der net. "Ik werd uitgezonden naar Suriname. Even langsgaan bij oude vrienden, dacht ik. Maar dat zat er niet bij: we werden meteen in de jungle gedropt. Anderhalf jaar. Ik werd nog net geen aap", laket er.
"We moesten daar vechten tegen een fictieve vijand. Ik was sluipschutter. Het was wel zwaar, maar achteraf ben ik blij dat ik het gedaan heb. Het was een mooie tijd."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Dat Brunings yndied goed leare koe, bewiisde er jierren letter, doe't er de ôfslach nei Fryslân makke. "Hoe dat kwam? Tja, vrouwen, je hebt niets te vertellen, hè?", grapjaget er oer syn leafde. Fia Sibrandabuorren, Mantgum en Offenwier, struts er del yn Snits.
Undertusken dûkte er de boeken yn en waard doktorandus yn Dútsk en kultuer. Yn dat earste fak gie er fierder. Hy waard learkrêft.
In de klas sta je ook op een podium. Alleen kreeg ik daar nooit applaus.
Woody Brunings
"Ik ben altijd fluitend naar mijn werk gegaan. Het was fantastisch met die kinderen. Ik denk dat ik redelijk in het hoofd van jonge mensen kan kijken, omdat ik zelf het grootste kind ben", seit Brunings. "Eigenlijk sta je ook daar weer op een podium. Alleen kreeg ik daar nooit applaus."
De muzyk hat er lykwols nea farwol sein. Alle moannen treedt er op mei de band dêr't it mei begûn. Mei snein as klapstik in optreden yn Het Bolwerk yn Snits. Dêr bondelet The Crazy Rockers de krêften mei muzikale swiergewichten Erwin Java en Rinus Gerritsen. Om 15.00 oere sille de earste gitaarklanken klinke.

De top 4 fan Woody Brunings

Artyst Nûmer
The Crazy Rockers Cupid
The Crazy Rockers It Turns Me Inside Out
The Crazy Rockers Mr. Bojangles
The Crazy Rockers 50 Ways to Leave Your Lover