Minder klachten meld oer net-winske floeistoffen yn it rioel

Net-winske stoffen jouwe problemen by wettersuvering © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Bedriuwen hawwe yn 2022 minder floeistoffen yn it rioel rinne litten dy't dêr net yn hearre. Dat hat de FUMO tongersdei bekend makke.
By klachten oer it miljeu feroarsake troch bedriuwen - en dat kinne ek boerebedriuwen wêze - kin de Fryske Utfieringstsjinst Milieu en Omjouwing belle wurde. Yn 2022 binne der minder meldingen binnenkaam op it provinsjale miljeu-alarmnûmer.

Mear kontrôle

De FUMO hat yn 2022 bedriuwen dy't wol faker wat fuortrinne litte, skerper yn de gaten hâlden. De organisaasje sjocht dat as in ferklearring foar it tebekrinnen fan it tal meldings.
By 'net-winske stoffen' yn it rioel moat benammen tocht wurde oan ôffalwetter of oan molke. Yn guon gefallen rint it ûnbedoeld it miljeu yn, as der sprake is fan lekkerij.

Stankoerlêst

Yn 2022 binne der 475 klachten binnenkaam op it provinsjale alarmnûmer. Dat is it leechtste tal sûnt 2014. De measte klachten giene oer stankoerlêst: yn 91 gefallen troch bedriuwen en yn 25 gefallen troch de lânbou.
De FUMO kaam yn 2022 twa kear yn aksje foar weismiten drugsôffal.
It provinsjale miljeu-alarmnûmer 058 - 212 24 22 kin dei en nacht belle wurde. It is allinnich bedoeld foar klachten oer bedriuwen, net oer partikulieren,