Frysk kultuerklimaat is feroare: jonge teätermakkers komme werom

Dûnsles op jeugdteäterskoalle Meeuw © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Der is mear en mear wurk yn Fryslân foar teätermakkers. Jonge makkers dy't Fryslân in skoft lyn ferlitten hawwe, komme no werom. Dat is te tankjen oan Kulturele Haadstêd, mar ek dêrfoar gie it de goede kant al op.
Dat seit Hilde Mulder fan jeugdteäterskoalle Meeuw. Sy hat 33 jier lyn de skoalle oprjochte. Jongelju tusken de 12 en 18 jier kinne der terjochte: eltse sneon wurdt der lesjûn en repetearre foar foarstellings.
Yntusken is Meeuw in wichtige springplanke wurden foar jongelju dy't fan teäter harren wurk meitsje wolle. "Vanuit ons gaan ze naar een kunstvakopleiding in Maastricht, Utrecht, Arnhem of ergens in het Westen. En dan werken ze daar een tijdje en vervolgens komen ze voor een deel of helemaal terug naar Fryslân. Heel interessant."
Jonge teätermakkers komme werom nei Fryslân
Neffens Mulder is it kulturele klimaat yn Fryslân bot feroare. "Ik zie dit vanaf 2018, het culturele hoofdstadjaar, en eigenlijk eerder al. Veel jongeren zijn hier toen aan het werk gegaan en zijn hier gebleven."
Er is gewoon veel werk hier.
Hilde Mulder fan jeugdteäterskoalle Meeuw
Ek nei 2018 is der wurk bleaun. "Met de invoering van de culturele infrastructuur hier in Fryslân zijn er ook een aantal groepen bijgekomen, zoals op het gebied van dans of Pier21. Er is gewoon veel werk hier."
Hilde Mulder © Meeuw Jonge Theatermakers
Hedzer Seffinga sit op de jeugdteäterskoalle en is oannommen op de toanielskoalle fan Maastricht. "Dêr sil ik de kommende fjouwer jier hinne, ik haw der in soad nocht oan."
Hy hat noch gjin idee wat er hjirnei wol. "Ik wit net oft ik werom nei Fryslân kom, yn Maastricht bliuw of noch earne oars hinne gean." Wol tinkt er dat der genôch foar him is om werom te kommen. "Der is in soad teäter en der binne genôch projekten yn Fryslân. Mar noch mear soe net slim wêze."
Les op de jeugdteäterskoalle Meeuw © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Ek Oane Marten van der Veen is learling by Meeuw, mar hy is net oannommen op in keunstfakoplieding. Dochs wol er fan teäter en kultuer syn wurk meitsje. "Ik wol minsken ynspirearje om de kultuer yn te gean én ik wol it fansels meitsjen bliuwe. Ferhalen fertelle, dat is wat ik it leafste wol."
Wêr dan? Dat kin oeral wêze. "Der is altyd in sentimint om nei 'de grutte stêd' te wollen. Ik tink dat ik dat ek wol wol, mar dat ik altyd wer werom kom nei ús plakje."

Hege easken

Wêr't se ek oan it wurk sille, de ferwachtings foar jonge makkers lizze tsjintwurdich heech, fertelt Mulder. Se moatte in wiere tûzenpoat wêze. "Naast acteren moeten ze ook zelf voorstellingen kunnen maken, kunnen schrijven en bovendien een soort van ondernemer zijn om steeds maar werk te vinden."
Dat makket it der net makliker op. "Gezelschappen hebben bijna geen vaste acteurs meer in dienst. Je ziet steeds meer dat acteurs van het ene naar het andere gezelschap hoppen. Je moet als acteur jezelf in de kijker spelen en zorgen dat je aan de bak blijft."
Rige oer Fryske teäterwrâld
Tëater sit de Friezen yn it bloed. It nivo fan de amateurs, lykas de iepenloftspullen, is troch de jierren hinne heger wurden. Ek wurdt, neist Tryater, mear profesjoneel wurk makke yn Fryslân troch bygelyks Pier21. Jonge makkers sjogge Fryslân mear en mear as plak dêr't se harren ûntwikkelje kinne, hjir spilet Tryater in wichtige rol yn.
Omrop Fryslân stiet yn in rige fan fjouwer dielen stil by de ûntwikkelingen yn de Fryske teäterwrâld. Dit is it fjirde en lêste diel. De ferhalen binne online te finen, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en yn it radioprogramma No yn Fryslân.